It Frysk wurdt ûnderdrukt yn ‘Friesche’ kranten

july 9, 2020 13:13

In foarbyld út it Friesch Dagblad

Taaldiskriminaasje
Fonology giet oer lûden yn de taal, mar kriget yn it ûnderwiis net folle omtinken. Der binne in protte minsken dy’t by lûden (klinkers) oan letters tinke. It is dêrom hiel goed dat Peter Nieuwenhuijsen dat fersin dúdlik makket yn alve artikeltsjes yn it Friesch Dagblad. Moaie stikjes yn de sneonskrante. Wat kin dy man dat helder en mei humor útlizze. It is syn fak, nearlandikus-taalkundige en dosint taalkunde, en dus kinne wy in soad fan him leare.

Mar wy leare ek in hiel soad nét fan him en dat is o sa spitich, of slimmer noch, it is in foarm fan diskriminaasje, want men sjocht in systematyske iensidigens. Dat leit him net allinnich oan Peter Nieuwenhuijsen, mar ek oan de krante. Kranten einliks, want yn suver alle regionale en lokale kranten yn Fryslân sjogge wy itselde ferskynsel: de ferhâlding fan it oanpart Hollânsk en Frysk is hiel bryk.

It Friesch Dagblad brocht yn maaie en juny op sneon in bledside mei in nijsgjirrige sudokupuzzel, dêr’t taal gjin rol yn spilet, en in learsum stikje dat hiel spesifyk oer taal giet. Dat is in nuttige bledside, want dêrmei kriget de lêzer in moaie kâns om yn it wykein (sa hyt it katern fan dy krante tafallich ek) it gefaar fan demintens te bestriden: de harsens kreakje te litten op fraachstikken fan taal en rekkenjen helpe dêr ommers by.

It giet yn dy krantestikjes fan Nieuwenhuijsen net om taal yn ’t algemien, mar oer it Hollânsk (Nederlânsk sizze nearlandisy) en dat is nochal iensidich foar in krante yn in offisjeel twatalige provinsje. Yn Fryslân binne twa rykstalen yn gebrûk en it soe moai wêze foar in Frysk deiblêd om dat sjen te litten. It is mar nuver dat der mar sa’n bytsje yn de eigen taal yn de Fryske deiblêden, deiblêden yn Fryslân alteast, te lêzen falt.

Yn it FD fan tongersdei 25 juny 2020 kaam Abe de Vries yn in wiidweidich artikel oer it nije learplan Frysk yn it ûnderwiis ta de konklúzje dat de hegemony fan it Nederlânsk troch de measte ynwenners fan ús lân (ek fan Fryslân) akseptearre wurdt en sels as ‘normaal’ sjoen wurdt. Dat is harren ‘oanleard’ troch iuwen fan diskriminearjende taalpolityk en absolút gjin ‘natuerwet’. Dy tige ûngelikense wurdearring fan de talen hearsket sadwaande ek yn it ûnderwiis en dat wurket diskriminaasje yn de hân. De kranten yn Fryslân wurkje dêr ek wakker oan mei. It Frysk mei dan noch krekt bestean, mar it moat net te folle omtinken krije, net yn it ûnderwiis en net yn de krante.

Taalstikjes fan Nieuwenhuijsen
Mar no inkelde foarbylden út dy taalstikjes. Nieuwenhuijsen komt op ‘echte lange klinkers’ en ferwiist dan nei it Frysk: ‘de echte lange i van wiid en siik’. Sa’t it liket om derôf te wêzen, want hy seit der fierders neat oer. It lange y-lûd is him bekend, mar blykber (om’t it Frysk is?) hoecht er dêr net op yn te gean.

Taalfunksjes yn de harsens (neffens in foarbyld op pixabay.com)

Sa giet it ek by twalûden dy’t sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk foarkomme, mar yn de stavering fan it Hollânsk net sichtber makke wurde, lykas ‘door’ (Frysk stavere as doar). De útspraak is yn beide talen gelyk en yn de artikeltsjes is it no krekt te rêden om útspraak (fonology). De betsjutting fan it Hollânske door en it Fryske doar is net gelyk en wat nijsgjirriger is, de skriuwwize ek net. Wêrom is dat? It soe dochs moai wêze om dat yn sa’n taalstikje te lêzen. It Frysk hat boat, kroan en noas en it Hollânsk boot, kroon en doos, mar dêr lêze wy neat oer. Sa gau’t it troch de Fryske foarbylden nijsgjirrich wurdt, hâldt it ferhaal op: ‘Ik heb ervoor gekozen om daar niet bij te blijven stilstaan. We moeten dóór.’ Dat lêste wurdsje dóór (doar, net deur, mar troch) jout wol aardich oan wêr’t it om draait, mar wy hoege dat net te witten. Likegoed diskriminaasje.

By it twalûd ui wurdt in lyts útstapke makke nei de etymology. Dan komt it Frysk wer op it aljemint, mar wol hiel marzjinaal: ‘In dialecten leven nog twee woorden voor ui, namelijk look en siepel.’ Efkes fierderop folget de tafoeging ‘(Fries sipel)’, mar wêrom’t der yn it Frysk net siepel stiet (net stean kin), wurdt ús net ferteld.

By it twalûd ei sylt Nieuwenhuijsen wer linich om it Frysk hinne. It ferskil tusken de meartalsfoarmen ei/eieren en aai/aaien lit er gewurde: ‘De klank ei kan natuurlijk ook geschreven worden als ij.’ Dat is ek in redenaasje út it Hollânsk wei, want yn it Frysk is der wol deeglik ferskil tusken de útspraak fan ei (bei, krúsbei) en fan ij (bij, ealjebij).

Sokke kennis wurdt yn taalstikjes yn in Fryske krante net trochjûn. It Frysk wurdt ûnderdrukt.
Dat jildt nammers net allinnich foar artikeltsjes oer taal, want ek as it oer oare ûnderwerpen giet, wurdt it Frysk weidrukt. Mar om’t yn de stikjes fan Nieuwenhuijsen spesifyk de útspraak fan lûden (klinkers) besprutsen wurdt, falt it sa op dat it Frysk derbûten holden wurdt.

De rige fan artikeltsjes oer fonology is no ta in ein kommen. It begûn yn it earste stikje mei de kop: ‘Er klonken klanken: klinkers’. In tapaslike titel, mar by it lêzen, klinkt der ek wat oars troch, nammentlik ûnderdrukking fan it Frysk.

Ed Knotter (bestjoerslid Feriening Frysk Underwiis)
Beetstersweach, july 2020

july 9, 2020 13:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.