Islamityske striders bliuwe almeast terroristen

july 25, 2020 12:25

De mearderheid fan ‘e moslims dy’t út Frankryk nei it bûtenlân ta teagen om foar de islamityske saak te fjochtsjen, hat dêrnei oare terroristyske misdriuwen begien. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Frânske sintrum foar it bestudearjen fan terrorisme, it CAT.

De ûndersikers hawwe yngeand sjoen nei de handel en wandel fan 116 ynwenners fan Frankryk dy’t tusken 1988 en 2006 nei Afganistan, Bosnië-Herzegowina of Irak ta set binne om harren oan te sluten by islamityske striidgroepen.

It die bliken dat sechtich persint fan harren dêrnei feroardiele is foar oare terroristyske aktiviteiten, dy’t los stiene fan harren reis nei de oarlochsgebieten. Fan ‘e sechtjin minsken dy’t tusken 2003 en 2006 nei Irak ta setten is dat sels hûndert persint.

De fjirtich persint fan wa’t net bewiisd wurde koe dat hja har skuldich makken oan terrorisme, waard net samar in groep oppassende boargers. De measten fan harren bleaune oanhingers fan radikale islamityske ideologyen. Gauris spilen hja in rol by it radikalisearjen fan jonge moslims yn Frankryk.

De sifers út it Frânske ûndersyk lizze folle heger as dy út eardere ûndersiken. CAT-ûndersiker Jean-Charles Brisard seit: “Oant no ta hawwe ûndersiken nei bekende dzjihadisten fan oer de hiele wrâld útwiisd dat de residive likernôch alve persint is. De sifers yn Frankryk binne dus noch soarchliker.”

july 25, 2020 12:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.