Into The Great Wide Open yn nije foarmen

july 30, 2020 09:56

Into The Great Wide Open giet op Flylân net troch, mar wol yn oare foarmen. Wat oars op it eilân ta utering komt wurdt no tusken 27 augustus en 2 septimber presintearre yn in Utsjoering, in Tydskrift en in Doaze. Dan is der ek noch in filmprogramma yn ’e mande mei IFFR, reizget rapper S10 nei Flylân foar in skriuwkamp en streame DJ St. Paul en keunstner Rob Sweere bysûndere projekten.

Foto © Into The Great Wide Open

De Utsjoering
Op sneontejûn 29 augustus sille Spinvis en S10 te hearren wêze en helje Alma Mathijsen en Bonne Reijn oanstoarmjende sprekkers en skriuwers nei in spesjale edysje fan Op De Schans. De boskwachter giet mei de kiker by plakken lâns dy’t dit jier leech bliuwe en Stout Konijn lêst de bern út de bosk wei foar. Krekte gegevens folgje noch

It Tydskrift
Dit jier is ‘De kritike massa’ it tema fan Into The Great Wide Open. Hoe bringe ienlingen bewegingen tewei? Wannear soarget in beweging foar in feroaring? Oan sokke fragen wurdt op 150 siden yngien mei proaza oer âlde printkaarten fan Flylân, essays fan keunstners en ynterviews mei aktivisten. Fierder in kollaazje fan Spinvis, in artikel oer de swarte woartels fan Nederlânske hiphop, hichtepunten fan de Kolderkrant, foto’s fan plakken dêr’t gewoanwei poadiums delstrike, en prykjende yllustraasjes.

De Doaze
Yn De Doaze is fan alles fan besibbe partijen sammele, ûnder mear It Tydskrift en treflik drinken foar by De Utsjoering en noch folle mear ferrassingen. Hy is te bestellen op de webshop.

Filmprogramma
Tusken 27 augustus en 2 septimber te besjen. Mear ynformaasje is hjir te finen.

DJ St. Paul en Rob Sweere
De soundtrack Eternal Sunrise of the Spotless Mind fan DJ St. Paul, live fan twa jier lyn op it strân fan Flylân komt snein 30 augustus, 06.00 – 07.30 oere op it webstee. Om 10.00 oere op datselde webstee nûget keunstner Rob Sweere minsken út foar een groepsprestaasje, eins bedoeld foar op it Sportfjild, mar dy’t yn ôfsûndering ek ta ynsjoch liede kin.

It Kamp fan S10
Rapper S10, dy’t ferline jier yn de Bolder yndruk makke, wurket fjirtjin dagen yn de Brouwerij op Flylân oan har nije album. Dat docht se mei in groep gastmuzikanten: har fêste producer Sim Fane, Remy van Kesteren, Sor, Wende, GIAN, Koen van de Wardt (Klangstof) en Jelte Heringa (Moss).

Into The Great Wide Open sjocht út nei it kommende programma en hopet yn de takomst wer op Flylân del te striken.

july 30, 2020 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.