Inisjativen socht dy’t bioferskaat ferbetterje

july 21, 2020 10:28

Inisjatyfnimmers mei goeie ideeën om it bioferskaat yn Fryslân te ferbetterjen, kinne fan 17 augustus oant en mei 30 septimber 2020 subsydzje oanfreegje. De provinsje wol dêr de rykdom oan plante- en bistesoarten yn Fryslân mei stimulearje. Projekten moatte rjochte wêze op it ûntwikkeljen, tapassen of útdragen fan in strategy dy’t it bioferskaat ophelpt. Yn totaal is der € 240.000,- beskikber.

Foto: pixabay.com

Deputearre Douwe Hoogland: “It bioferskaat yn de provinsje Fryslân stiet ûnder druk. De rykdom oan plante- en bistesoarten nimt ôf. De provinsje wol dy trend keare en wurket dêrom oan in programma om it bioferskaat wer op te helpen.” Yn it programma is net allinnich omtinken foar it ophelpen fan it bioferskaat, mar ek foar it ferbetterjen tusken ekonomy, natuer, lânbou, bewustwurding yn de maatskippij en it dielen fan kennis. “Mei dizze nije subsydzjeregeling wol de provinsje alfêst inisjativen stypje dy’t dêrby oanslute.”

Bio- en boaiemferskaat
Inisjatyfnimmers kinne subsydzje oanfreegje foar projekten rjochte op bioferskaat of boaiemferskaat. Tink oan it ferbetterjen fan de habitat fan in bedrige Fryske soarte lykas de heidekikkert en de ljurk, ûndersyk nei mikrobiology yn de boaiem of projekten rjochte op kennis fan Fryske ynwenners oer bioferskaat.

De regeling is bedoeld foar organisearre groepen, lykas ferieningen, stichtingen, maatskippen of oerheden. Foar in projekt is 75% fan de kosten subsidiabel, mei in maksimum fan € 24.5000,-. In oanfraach yntsjinje kin fan 17 augustus ôf fia www.fryslan.frl/subsidiebiodiversiteit. De subsydzje wurdt dan ferdield op folchoarder fan ûntfangst.

july 21, 2020 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.