In skat

july 26, 2020 07:00

‘It is mei it himelske ryk as mei in skat…’ (Mattéus 13:44)

Oertinking

foto: T.T Osinga

Sa no en dan komme der guon pake- en beppesizzers by ús om ien of twa nachten útfanhûs. Tsjintwurdich nimme se dan gauris in nei drek stjonkende amer mei. Dêr sit in stik tou yn mei oan de ein dêrfan in magneet. It doel is om dêr yn de Frjentsjerter grêften en fearten mei te ‘magneetfiskjen’ en sa op syk te gean nei dy iene izeren of blikken skat dy’t dêr mooglik yn ferburgen leit. Oerenlang kinne se harren dermei fermeitsje. Jo witte it ommers nea!

Dêr moast ik oan tinke doe’t ik Mattéus 13:44-52 – de oekumenyske lêzing foar snein 26 july 2020 – oan it lêzen wie. Dat begjint mei de gelikenis oer in ferburgen skat. Jezus ferbynt dy skat mei it himelske ryk en liket dat te dwaan mei it =-teken: it himelske ryk = in skat. It evangelysk boadskjip liket dan te wêzen dat immen dy’t in skat fynt, hiel syn kapitaal en besit foar dat stik lân oer hat om dat mei skat en al ienris en foargoed ta sines te meitsjen.

Doe betocht ik, dat =-teken makket fan de gelikenis in statysk gehiel, nammentlik in rekkenkundige som: it himelske ryk stiet gelyk oan in skat. En dêrmei hat de lêzer syn antwurd en is de kwestje ta in oplossing kommen. Mar wie it Jezus’ doel om de útkomst fan de som te finen en om dêrmei klear te wêzen?

De gelikenis is lykwols krekt net statysk. Der sit ien en al dynamyk yn. Dyjinge dy’t de skat fûn hat, giet oan ’e slach. Hy begjint deroer nei te tinken, hoe’t er dy skat ta sines meitsje kin. Hy is sa bliid mei de fynst dat er syn besit ta kapitaal begjint te meitsjen om dêrmei it stik lân keapje te kinnen. En dêrmei set er syn deistich bestean op ’e kop. Foar minsken fan hjoed-de-dei en libjend yn de westerske wrâld kin soks noch in hiel karweikjen wêze. Nochal wat minsken yn dy wrâld hawwe harren in protte eigen makke. Net allinnich oan guod, mar ek oan tinken en leauwen, bygelyks oer God en it himelske ryk. Se moatte der dan ek net oan tinke om dat kwyt te reitsjen of los te litten. Se moatte der sels net oan tinke om it âlde foar nij yn te ruiljen.

No hoecht dat foar Jezus ek net. Oan de ein fan de lêzing sprekt Hy fan it âlde én it nije foar it ljocht te bringen. Soks liket de taak fan in skriftgelearde te wêzen. Dy hat út te lizzen: it âlde, al lang skinende ljocht oer it himelske ryk is neat ferkeard oan, mar ferjit net dat der ek in nij ljocht opstutsen wurde kin. Bygelyks Jezus syn ljocht oer de dingen. En dat lêste soe samar in skat wêze kinne dy’t in minske krekt net misse wol.

Us pake- en beppesizzers komme gauris nei it magneetfiskjen thús mei in protte âlde spikers en skroeven, somtiden in ûnderdiel fan in âlde fyts en inkeld ris in sint. It is allegear goed foar de âld-izeraksje dy’t ien kear jiers yn harren doarp holden wurdt. De opbringst dêrfan giet nei in goed doel. Mar as se dan werris foar ien of mear nachten lâns komme, dan geane se hoopfol opnij oan ’e slach. Op syk nei dy iene, nije fynst, dy skat dy’t harren libben mooglik sels ‘himelsk’ meitsje sil.

ds. Teije T. Osinga (emearitus), Frjentsjer

july 26, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.