In oar perspektyf op Fryske literatuer

july 7, 2020 08:50

Skôging

troch Abe de Vries

‘Op gemengd taalkundige en cultuurpolitieke gronden pleegt de Friese literatuur in Nederlandse literatuurgeschiedenissen niet te worden ‘meegenomen’, klaarblijkelijk met wederzijdse instemming.’ Dat skreau Frits van Oostrom yn 2006 yn syn Stemmen op schrift, it earste diel fan in njoggendielich oersjuch fan ‘Nederlandse’ literatuer. It lêste diel fan dizze ‘GNL’-searje ferskynde yn 2017 mei as titel Ongeziene blikken, fan de haadredakteuren Arie Jan Gelderblom en Anne Marie Musschoot.

Yn dat lêste diel wurdt mear útlis jûn oer de kar om de Fryske literatuer net te sjen en te behanneljen as Nederlânske literatuer. It útgongspunt fan de searje is ‘literatuur geschreven in de Nederlandse taal’, fierder beheind ta ‘de Nederlandse taal als medium voor literaire systemen in het Nederlands sprekende deel van Europa’, lês: ek yn Flaanderen. Bûten de boat falt sawat de heale wrâld: ‘de veeltalige literaire cultuur van Suriname en de met Nederland verbonden Antilliaanse eilanden’, ‘de literaire systemen van de voormalige koloniën Belgisch-Congo en Nederlands-Indië’, ‘de literatuur in het Afrikaans’, ‘Friese literatuur’, ‘Neolatijnse literatuur uit de Lage Landen’ en ‘Franstalige literatuur uit België’. Dy rânekultueren komme inkeld op it aljemint ‘als er nauwe aanraking bestaat met de dominante literaire systemen binnen het [Nederlânske] taalgebied’.

De Frysktalige literatuer komt net yn ’e beneaming foar behanneling, want dy is net Nederlânsktalich. Dat liket helder. Mar dus ek net, om’t de redaksjekommisje blykber mient dat dy literatuer net yn ‘nauwe aanraking’ stiet mei it Nederlânsktalige literêre systeem. Dat kin fansels neffens de wierheid net sein wurde. Van Oostrom lit dêr yn it earste diel yn alle gefallen wat fan fernimme yn syn behanneling fan de Fryske midsiuwske wetsteksten: in foarbyld fan Fryske ynfloed op it Nederlânsk. In hiel soad ‘aanrakingen’ geane lykwols út fan de Nederlânsktalige literatuer, sawol as it giet om taal (diglossy, meartaligens), persoanen (skriuwers), ynhâld (literêre rjochtingen), ûntjouwing (periodisiteit) as ynstitúsjes (subsydzjes en soks). Beide literatueren funksjonearje boppedat al iuwen yn itselde politike systeem en foar in grut part binnen deselde kultuer- en ynformaasjestreamen yn krekt itselde hoekje fan Europa.

Dat de wetterskieding tusken de histoaryske represintaasjes fan Nederlânske en Fryske literatuer likegoed ‘klaarblijkelijk met wederzijdse instemming’ bestiet, neffens Van Oostrom, tsjut derop dat oan it begjin fan ús iuw ek yn Fryslân net folle animo bestie om ‘het verhaal van de Friese literatuur’ yn in nasjonaal-Nederlânsk ferhaal op te nimmen. In protte ûnderfining wie dêr net mei; wêr soest dan nei sjen moatte? In noflike útwei waard fûn yn in Nederlânsktalich hânboek spesifyk foar de Frysktalige literatuer. Dat waard it ûnder redaksje fan Teake Oppewal en oaren gearstalde Zolang de wind van de wolken waait út 2006, itselde jier dat it ‘GNL’ lansearre waard. Oan it ‘Wolkeboek’ klibbe in te ferwachtsjen beswier: de Frysktalige literatuer wurdt te fier út it ljocht set fan de ferbannen mei de Nederlânsktalige literatuer.

Dizze ‘apartheid’ fan beide kanten falt faaks mear op yn in tiid dy’t aloan mear omtinken liket te jaan, net oan ferskil mar oan oerienkomst, net oan ûnderskied mar oan gelikens, net oan útsluting mar oan ynklusy. Net allinnich komt de wittenskip sa oan ’e krapperein: dat jildt ek foar de Fryske literatuer sels. Dy wurdt ommers in plak yn it Nederlânske ferhaal ûntsein en dêrmei ek de kâns op bredere profilearring en bestudearring. Fansels beskermet it Frystalige literêre systeem syn yn ’e rin fan ’e tiid ûntstiene eigenens en relative selsstannigens (dêr’t oars noch folle op ûntdekking wachtet). Mar it funksjonearret ek – dat is sels syn belangrykste reden fan bestean – yn beskate, en beskiedende, relaasjes ta it Nederlânsktalige literêre (en sosjale, politike en ekonomyske) systeem. It nimt oer, it past him oan, mar it stjoert ek út en heakket ta. Benaudens om dy (diglosse) relaasjes by de namme te neamen stiet yn ’t paad fan kennis- en literatuerûntwikkeling, dreger is it net.

It is ek net sûnder polityk risiko – foar de Fryske literatuer – om de omsingeling mar bestean te litten en der ek noch mei akkoart te wêzen, ja, der sels foar te kiezen. Foar’t men it wit feroaret talich kultureel isolemint yn provinsjale diededrang ferpakt as flecht nei foarren en komt der in geografyske healliterêre kanon fan Nederlânsktalige skriuwers en pommeranten dy’t oait yn Fryslân wennen. Of oer Fryslân skreauwen. Dat soe miskien wol wat dwaan kinne oan it gefoel ûnsichtber te wêzen, mar it soe sawol de Frysktalige literatuer as de Frysktalige literatuer as ûndersyksgebiet by definysje ûntploffe litte.

In kânsrike útwei jout it ynternasjonale, Europeeske perspektyf: it ûndersykjen fan ûntjouwingen yn de Frysktalige literatuer yn har relaasje ta oarstalige ûntjouwingen bûten Nederlân. Mar it feit dat de grûn foar dy relaasje meastal fûn wurdt yn de dielde minderheidstalige ûnderfining, betsjut tagelyk dat de mearfoarmige ferhâlding mei literatueren yn dominante talen net op de achtergrûn bliuwe kin.

Ik pleitsje dan ek foar it meitsjen fan in wittenskiplik begjin: foar in nij ‘hânboek’ foar Frysktalige literêre kultuer, wêryn’t in meartalich en kultuerrelasjoneel perspektyf iepenlein wurdt en op ûnderskate manieren stal kriget, ûnder mear yn it ûnderwiis. Yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân, mar ek foar de fierdere ‘Frisian studies’ oan hegeskoallen, de Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins kin sa’n projekt fan belang wêze. It mei skiedskriuwers fan ‘de Nederlandse literatuur’ der ek ta ferliede om tenei yn alle gefallen in lyts part fan harren grutte definysjeproblemen ynterkultureel oan te pakken.

De Nederlânsktalige ferzje fan dizze skôging stiet op https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2020/07/een-ander-perspectief-op-friese.html 

 

 

 

 

july 7, 2020 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.