In kromke ivichheid

july 5, 2020 07:00 Fernijd

Oertinking by ´Jo, Hear, dy’t foar it oanbegjin´,
in liet by Psalm 90, fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer

It is in peareltsje, dit liet fan Eppie Dam.

Jo, Hear, dy’t foar it oanbegjin fan tiid en plak bestiene,
de bergen komt gjin dei yn ’t sin dat Jo der noch net wiene.

Hindrik van der Meer hat Eppie syn wurden wjukken jûn.
Ast de meldij ien of twa kear hearst, klinkt it al sa fertroud.
Krekt as hat dit liet der altyd al west.

Miskien is dat ek wol sa.
Lei it earne stil te wachtsjen, ‘foar it oanbegjin fan tiid en plak’.
Oant Eppie kaam dy’t de wurden opdjippe.
En Hindrik dy’t it wyske hearde en de noaten op papier sette.

It giet oer God yn syn grutte ivichheid.
Hiel grut.
Hiel ivich.
Miskien ek wol wat allinnich.
Soe dat sa wêze kinne?
Dat dy grutte, sterke, ivige God ek wat allinnich is?
Sels ek nei leafde langet?
Dat Er dêrom dy hiele grutte ivichheid ta pyplytse kromkes fermeald hat.
En hiel foarsichtich en soarchfâldich, út dy hege himel wei, elts lyts minskje sa’n kromke ivichheid yn it hert lein hat?
Sadat wy witte fan Syn bestean.

Soe it Him yn it moed treffe dat wy, minsken fan ’e dei, ‘Jo’ tsjin him sizze?
Sa as ik noait ferjitte sil hoe’t myn bern foar de alderearste kear ‘heit’ stammeren
en my dêrmei bedoelden.
Wylst se amper noch wurden hienen.
Soe God glimkje om de wurden dy’t wy foar Him sykje, dy’t fier boppe ús ferstân út gean.
Of, hat Hy ús dy wurden sels ynlústere?
Leine se al klear en hoegden wy se allinich noch mar op te djipjen?

Hoe’t it ek is, dit liet giet oer in ivige God en ús, minsken fan ’e dei
dy’t nei-inoar langje.
Inoar sykje oer de grinzen fan tiid en plak hinne.

Wy witte hoe wif as ús bestean is.
Dat wisten wy ek al foar it koroanafirus.
Mar it is no ek sa fielber wurden.
En tusken witten en fielen yn sit in ûnsichtbere grins dêr’t wy leaver by weibliuwe.

Dit is in lietsje foar by dy grins.
Om josels moed yn te sjongen.
En inoar.

In minske libbet mar sa koart.
Och, lit him net ferkomme
foardat er bloeid en siedde hat
as finnegers fol blommen.

Net allinnich bloeie, God, ek siedzje.
Dat wy gjin ôfskied hoege te nimmen fan dizze wrâld sûnder dat wy hjir wat siedde hawwe.
En as wy der net mear binne, God, dat Jo der dan binne om op te krijen wat wy út hannen jaan moasten.
Want Jo geane mei de generaasjes troch de tiid.

Och, nim ús net kwea ôf God, mar wy hâlde sa fan dizze wrâld.
Wy hingje oan dit libben mei alles wat wy hawwe.
Want dit is ús fertroud.
Wy jouwe al ús leafde oan wa’t stikken kin, God, en dea.
Ek as wy witte dat it ús ienris sear dwaan sil, omdat wy inoar wer loslitte moatte.
Dat is wat ús ferbynt God, dat wy allegear minsken binne fan ’e dei.

En God?
Yn syn grutte ivichheid?
Hiel grut.
Hiel ivich.
Dy’t net yn dagen rekkenet mar yn iuwen en milennia?

Hy heart ús gebed.
Hy lústeret syn antwurd yn de psalmen.
Tusken de rigels troch:
“Sa is it goed, myn leave jonge, myn leave faam.
Dat is wêr’tsto ta roppen bist.
Do silst bloeie, do silst siedzje, Ik bliuw wol om te rispjen.
Jou dysels oan alles wat stjerlik is, want allinnich sa iepenet him de ivichheid.”

Ien dei ta eare fan ’e wrâld
as tûzen jier yn jo ûnthâld.

ds. Jan Willem Nieboer, Snits

It liet stiet yn de bondel Hertslach (2018) en is hjir mei tastimming fan de útjouwer Intrada muziekuitgave, It Hearrenfean, oernommen.

july 5, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.