IMF-subsydzje foar tolve projekten op de Fryske Waadeilannen

july 23, 2020 08:44 Fernijd

Yn de twadde omgong fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF) ynvestearret de provinsje Fryslân yn tolve projekten op de Fryske eilannen. It giet om in bedrach fan goed € 178.000. Mei dy bydrage wurdt goed € 587.000 op ’e eilannen ynvestearre.

It doarpshûs fan Skiermûntseach (foto: Provinsje Fryslân)

Gesellich byinoar komme yn moetingsplak Ons Centrum
Op Skiermûntseach meitsje in protte partijen gebrûk fan it doarpshûs Ons Centrum. Stichting Ons Centrum, Stichting Biblioteek Noard-Fryslân en de gemeente Skiermûntseach wolle de sosjale gearhing en de leefberens op it eilân fergrutsje troch de biblioteek yn it doarpshûs opgean te litten. Troch it iepenbrekken fan muorren wurdt it gebou in multyfunksjonele akkomodaasje mei in eigentiidske ynfolling. Sa ûntstiet in gesellich moetingsplak foar eilanners en toeristen. De totale projektkosten bedrage € 300.000, de te ûntfangen subsydzje is € 75.000.

Iepen Mienskipsfûns
Foar de tredde omgong yn 2020 kin fan moandei 7 septimber oant en mei tongersdei 1 oktober (17.00 oere) subsydzje út it IMF oanfrege wurde. Dan is ek wer de betingst dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf.

july 23, 2020 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.