Hert ûnder de riem fan skûtsjeskippers

july 16, 2020 15:32

Foto: Omrop Fryslân

No’t it Skûtsjesilen net trochgiet hat boargemaster Buma fan Ljouwert de skippers en bemanningen in brief stjoerd om harren in hert ûnder de riem te stekken.

Hjirûnder de tekst fan de brief, dy’t juster datearre is.

 

Oan skippers en bemanningen fan de skûtsjes fan de SKS

Beste minsken,

Kommende sneon 18 july is de dei dat de fjirtjin skûtsjes fan de SKS útein sette soene mei harren jierlikse kampioenskip. Tradysje getrou fansels yn Grou. Freed soe de start wêze mei it lotsjen foar de wedstriden op Earnewâld en de Feanhoop. De kompetysje en it feest soene begjinne.

Spitigernôch rint it dit jier allegearre oars. Gjin tinte op it plein yn Grou, gjin sleep by de houtstekken fan Halbertsma wei en gjin fjirtjin skûtsjes op Pikmar en Wide Ie op sneontemiddei. Wat allemachtich spitich en wat in ûnwennich idee. Yn alle gefallen foar jimme, mar ek foar ús as gemeentebestjoer. Wy sjogge ek alle jierren út nei in kampioenskip mei moaie en spannende wedstriden. We wolle mei dit berjocht witte litte dat we meilibje yn dit bysûndere jier sûnder kompetysje en kampioenskip.

We hoopje dat wy it jubileumjier fan de SKS en it feit dat it skûtsjesilen ymmaterieel erfguod wurden is takom jier yn 2021 mei inoar fiere kinne. We moetsje jimme allegearre, skippers en bemanningen, en fansels it omsittend laach, dan graach wer yn Grou en sizze: oant sjen!

Wie tekene út namme fan mr. S. van Haersma Buma

july 16, 2020 15:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.