Halla Einarsdóttir yn Keunsthûs SYB

july 14, 2020 10:00

Yn july 2020 húsmannet de Yslânske keunstner Halla Einarsdóttir yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach. Yn har wurk is Halla ynteressearre yn hoe’t ús omjouwing ynfloed hat op ús perspektyf, ús ynteraksjes en ús hâlden en dragen. Yn it projekt op ’e Sweach rjochtet se har ek op de oerflakten yn dy ‘omjouwingen’, omdat dy ús eat fertelle kinne oer it aard fan in objekt. De tekstuer fan in oerflak lit ús sjen hoe’t de bûtenkant fan dat objekt, of in gebou, of in lichem reagearre hat op eksterne omstannichheden, mar ferberget ek wat binnenyn sit. Sa besjoen kin in bûtenkant ús in protte fertelle: wat kinne wy ûntdekke yn de skansearre parten en skuorren derfan?

Foto © Keunshûs SYB

Einarsdóttir wurket dy tema’s fierder út yn har ferbliuw yn SYB. Sy wurket dêr fierder oan har fideo Portal Scroll (ûntwikkele mei keunstner Faysal Mroueh). De fideo, dy’t útgiet fan in first person lykas brûkt yn fideogame-omjouwingen, hat in stikmannich audiospoaren yn, en nimt jo mei in ‘spul’ yn, dêr’t jo tegearre mei har de firtuele romte yn ferkenne, wylst jo jo konsintrearje op de tekstueren en oerflakten fan de omjouwing. As oanfolling en fysike tsjinhingers op dat firtuele wurk, is se ek fan plan om nije skulptueren te meitsjen.

Halla Einarsdóttir (Reykjavík, Yslân, 1991) is in keunstneresse dy’t festige is yn Rotterdam. Se behelle har BA oan de Gerrit Rietveld Academie, Amsterdam 2015. Har wurk wie yn 2016 te sjen yn SYB; doe wie se nominearre foar de 7e Sybren Hellinga Kunstprijs. Op dit stuit stiet se ynskreaun yn it MFA-program fan it Piet Zwart Instituut, Rotterdam.

Halla har projekt yn útfiering is alle wykeinen fan 13.00 oant 17.00 oere te sjen en wurdt op sneon 25 july fan 15.00 oere ôf yn SYB presintearre.

july 14, 2020 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.