Grutste part wurknimmers wol nei koroana oars wurkje

july 22, 2020 08:54 Fernijd

Wurknimmers wolle net werom nei ‘it âlde normaal’. Dat docht bliken út ûndersyk fan Werk Slim, Reis Slim (WSRS). It oars wurkjen en reizgjen fertsjinnet, ek nei ferromming fan de koroanamaatregels, mear omtinken.

Foto: pixabay.com

Ut it ûndersyk komt nei foaren dat it thúswurkjen en fideogearkomsten, nettsjinsteande de grutte groep thúswurkers sûnder ûnderfining dêrmei, goed foldien hat. De produktiviteit bliuwt yn ’e eagen fan wurknimmers heech. Meiwurkers ferwachtsje dat thúswurkjen ek nei koroana bliuwt. Dêrtroch wurde in protte ritten wen-wurkferkear en saaklike ritten tefoaren kommen. Dat jildt ek foar reistiid, reiskosten, ferkearsdrokte/files en dêrmei it drastysk ferminderjen fan útstjit fan skaadlike stoffen.

De measte minsken dy’t nei en foar harren wurk reizgje, tinke wol noch te kiezen foar de auto en it reizgjen yn ’e spitstiden. Dat fertsjinnet omtinken, krekt as it realisearjen fan sprieding yn tiidstip fan reizgjen en ferfiermiddel. It leit foar de hân om wurknimmers fasearre yn tiid en op ferskillende dagen nei it wurk komme te litten, lykas it stimulearjen fan de fyts as ferfiermiddel.

Gearfetting ûndersyk
Goed 600 respondinten by tsien ferskate organisaasjes út ûnderwiis, saaklike tsjinstferliening, soarch en oerheid wurken tusken 1 en 24 juny 2020 oan it ûndersyk mei. Fierwei de measte meiwurkers hawwe thúswurkjen posityf ûnderfûn en stean der posityf foaroer om dat nei koroana ek te dwaan. Itselde jildt foar fideogearkomsten: hast 75% fan de wurknimmers ferwachtet dat yn ’e takomst nei koroana ek faker te dwaan. Men is posityf oer de produktiviteit fan thúswurkjen. Sa’n 70-80 persint hat it gefoel foldwaande produktyf te wêzen. Dat hinget ôf fan hoe’t de húshâlding derút sjocht, hoe âld oft de wurknimemr is en om watfoar type wurk it giet.

De measte wurknimmers ferwachtsje net dat se op in oare manier reizgje sille as foar koroana. Wol sil ien op de fiif wurknimmers syn tiidstip fan reizgjen oanpasse.

Gearwurking wurkjouwers
WSRS wol der mei wurkjouwers foar soargje dat de goede ûnderfiningen beholden bliuwe te’n geunste fan nij mobiliteitsbelied dêr’t berikberens, ferduorsumjen, fitaliteit en feilich wurkjen en reizgjen wichtige ûnderwerpen yn binne. Dêrby is sprieding yn alle opsichten it wichtichste útgongspunt; sprieding yn tiid en op ferskillende dagen nei it wurk komme te litten, sprieding yn wurklokaasje (thús, kantoar, op oare plakken) en it stimulearjen fan alternative ferfiermiddels lykas de fyts.

Werk Slim, Reis Slim
It Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, Provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert wurkje gear ûnder de namme Werk Slim, Reis Slim oan minder auto’s yn ’e spits en CO2-reduksje. WSRS wol mei mobiliteitsmaatregels helpe de regio Ljouwert en Fryslân better berikber te meitsjen en te hâlden op in útkynde en duorsume wize. Dat docht WSRS yn nauwe gearwurking mei bedriuwen en organisaasjes yn Ljouwert-Fryslân troch snoad en duorsum te wurkjen, reizgjen en ferfieren te stimulearjen.

Besjoch it ûndersyk.

july 22, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.