Glandige riten aloan langer

july 13, 2020 14:36

Foto: pixabay.com

As it ienris gleonhjit is bûtendoar, dan bliuwt dat ek gâns in hoart sa. Waarme riten komme dêrnjonken aloan faker foar. Dat jildt foar de hiele wrâld, sa docht bliken út ûndersyk.

Neffens de Australyske klimaatûndersykster Sarah Perkins is it gjin ferrassing. Hja seit: “Wy witte dat feroarings yn ’e wrâldomfiemjende temperatuer derfoar soargje dat bûtengewoane glandigens gewoaner wurdt en boppedat hieltyd ekstremer wurdt.” Hja leit út dat in petiterige ferheging yn ’e trochsneedtemperatuer al anneks wêze kin mei in tige waarme simmerperioade.

Yn guon parten fan ’e wrâld wurde de temperatueren flugger heger as yn oare. It Heine Easten en stikken fan Súd-Amearika en fan Afrika binne der it beroerdste oan ta: de temperatuer kin dêr yn tsien jier tiid yn trochsneed tsien graden tanimme.

Frou Perkins seit: “Minsken nimme gauris oan dat klimaatferoaring in probleem fan ’e takomst is, mar sa is it net. Klimaatferoaring is no oan ’e gong en gâns fan ús sille der tsjûge fan wurde hoe’t de wrâld der hieltyd raarder hinne komt te lizzen. Of wy moatte no yngripe.” Hja wiist derop dat minsken troch de koroanamaatregels yn in soad lannen no oan it learen binne dat hja harren ek oars hâlde en drage kinne – minder autoride, minder fleane. Dat dwaan soene de minsken rûnom op ‘e wrâld folhâlde moatte, sa ornearret de wittenskipster.

july 13, 2020 14:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Anonym july 13, 17:38

    Glandige riten aloan langer – wêr?? Derhinne!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.