Gjin mûlekapkes yn Fryslân

july 30, 2020 13:27

foto: macocreaties.com

Friezen hoege gjin mûlekapkes foar. Dat seit Roel Sluiter, de boargemaster fan Harns. Hy hat út namme fan de feilichheidsregio Fryslân mei minister fan folkssûnens Tamara van Ark oerlein. De wittenskiplik adviseurs fan it regear hawwe te witten dien dat net dúdlik is oft mûlekapkes in positive of in negative ynfloed hawwe op ‘e fersprieding fan it koroanafirus. Ferskate juristen wiisden derop dat mûlekapkes allinnich ferplichte wurde kinne as de Earste en Twadde Keamer in wet oannimme dy’t soks mooglik makket. Sa’n wet is der op it stuit net.

Ferskate boargemasters fan grutte stêden yn ‘e Rânestêd wolle dat der yn harren gemeente wol in mûlekapkeplicht komt. Sluiter seit: “In Amsterdam en Rotterdam is het een acuut probleem, zeker ook met het Offerfeest dat voor de deur staat. Dat kunnen grote, drukke bijeenkomsten worden, waar je een mondkapje zou kunnen verplichten.”

Der jildt yn Nederlân op it stuit wol in ferplichting om yn it iepenbier ferfier in mûlekapke foar. Yn Dútslân en België moat men yn ‘e winkels in mûlekapke foar hawwe en yn de Flaamske provinsje Antwerpen ek op ‘e dyk.

july 30, 2020 13:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.