Gjin moreel mar in barmhertich universum

july 12, 2020 07:00 Fernijd

Oertinking by Markus 5:21-43

As men it evangeelje fan Markus lêst, liket it wol as soe it better meitsjen fan minsken en it fertellen dat God harren de sûnden ferjûn hat, it wichtichste wêze dat Jezus dien hat. Dat wie op himsels al sa bysûnder: de rop fan Him gie as diggelfjoer hiele Galiléa troch. En doe’t Jezus in deimannich neitiid yn Kafarnaüm weromkaam en de lju hearden, dat Er thúskommen wie, doe kamen der safolle minsken byinoar, dat der wie om ’e doar gjin romte mear. En Hy ferkundige harren it evangeelje (Markus 2:1-2). En krekt sa is it, doe’t Jezus mei syn learlingen fuortgie, de kant fan ’e mar út: in grutte kloft minsken út Galiléa rûn achter Him oan. Ek út Judéa, Jeruzalim, Iduméa, oare kant de Jordaan wei en út ’e omkriten fan Tyrus en Sidon kaam in grutte mannichte op Him tasetten, want se hearden oeral, wat Hy die. Hy sei tsjin syn learlingen dat se in boatsje foar Him ree hâlde moasten, fanwegen al dat folk; oars koene se Him wol plat triuwe. Sa kin men it foar jin sjen: in boatsje hjir oan de wâl en dan nei de oare kant ta om de minsken te ûntkommen. Dat soe wat wêze. Hy hie ommers al safolle minsken better makke, dat elkenien dy’t in kwaal hie, krong nei foaren om Him oanreitsje te kinnen. Ek de duvels foelen foar Him op ’e knibbels, as se Him seagen, en rôpen: Jo binne de Soan fan God (Markus 3:7-11).

Dus sa frjemd is dat net, dat in frou him efkes oanreitsje wol. Mei sin, dat wis, want ek sy leaude dat allinne it oanroeren fan syn mantel har helpe soe. Mear doarde se ek net, want troch har sykte wie se permanint ûnrein. En dêrom gie elkenien har út ’e wei.

Wy witte net wat Jezus dien hie, as se him plan-út frege hie. Dat doarde de frou net oan. Dus dêrom die se it stikem yn ’e hoop dat gjinien it fernimme soe. Nee dus, want neidat se him oanrekke hie, seach Er om him hinne om gewaar te wurden, wa’t it dien hie. En as de frou foar him op ’e knibbels fallen is en alles earlik opbychtet, dan feroardielet Jezus har net; nee, krektoarsom: Hy fertelt dat dit syn bedoeling is, dat Er hjirfoar kommen is: om minsken te rêden, te helpen, te genêzen. Sels as se ûnsuver binne lykas dizze frou. En ek al hat se him, Jezus, troch har oanroeren ek ûnsuver makke, dan is Jezus net lilk, wurdt Er net grimmitich, mar jout har in grut komplimint: Frou, jo fertrouwen hat jo behâld west. Gean yn frede, jo binne foargoed fan jo kwaal ôf!

Mei dy wurden, mei dy ferklearring wreidet Jezus syn missy nochris út. Hy is net inkeld kommen om te rêden, te genêzen, mar ek om it taboe op ûnsuverens troch te brekken. Hy doar ûnsuvere minsken oan te reitsjen en stiet ta dat ûnsuvere minsken Him oanreitsje.

Mar der is nóch in taboe dat Jezus trochbrekt. En dat is it tinken dat sykte en krupsjes ús net by tafal oerkomme, mar in bedoeling ha. Dus mei sin op ús ôfstjoerd wurde. Mar Jezus leaut net yn in moreel universum, dêr’t alles mei in sin yn bart. Jezus leaut net yn in God dy’t mei alles in bedoeling hat. En dat sykte ek nochris it gefolch is fan in sûnde. Want as fjouwer man in lammenien nei Him tabringe en him dwers troch it dak hinne sakje litte, dan freget er net: “Wat hasto útheeft? Wat hasto dien, datsto der sa hinne leist?” Nee, sûnder omballingen seit er tsjin de lamme: “Bêste freon, dyn sûnden wurde ferjûn.” Mar de minsken dy’t it witte koene, seine: “Dat is godslasterlik. Wa oars kin sûnden ferjaan as God allinne? ”

En dan lit Jezus syn macht sjen: der bestiet gjin moreel universum, dêr’t God elkenien tapart wat him takomt; der bestiet inkeld in barmhertich universum. Yn syn eigen wurden: Ja, dit sis Ik jimme: Alles sil de minsken ferjûn wurde, alle sûnden en kwealaster, wat foar kwealaster se ek sein hawwe (Markus 3:28). Mar dat wol net sizze dat der neat slims barre kin yn in minskelibben. Okkerdeis wie ik noch by minsken dy’t in berntsje foartidich ferlern hiene. By de berte wie it al ferstoarn. Sa’n slim fertriet.

Krekt sa kamen der guon út it hûs fan ’e foarman  fan de synagoge en seine: Jo famke is al wei. Mar Jezus leit him der net by del, mar doar de konfrontaasje mei dit ûnk oan en seit tsjin de foarman: “Haw mar gjin noed, hâld fertrouwen.”

Wat sil der troch dy heit hinne gien wêze. Hokker twastriid. Wa moat er leauwe? Dizze Jezus, of syn eigen tsjinners? Dy lêsten laitsje Him út as Er harren seit: it famke is net dea, mar sliept. Dy man doocht net. Spoart net rjocht. En soene wy miskien net krekt sa tinke, tocht hawwe as harren? Mar Jezus stjoert se allegearre ta de hûs út en gong mei de heit fan it famke, de mem en dy’t by Him wiene, nei it plak dêr’t se lei.

Wist Jezus dan eat fan koma? Wist Jezus dat dealykje net itselde hoecht te wezen as deawêze? Seach Jezus mei oare eagen nei dea as elkenien yn dy tiid, doe’t se dea noch net fan swiere koma ûnderskiede koene?

Yn in tv-programma fertelde in man dy’t in skoft yn koma lein hie, hoe’t er as jonkje yn in koma rekke, hoe’t er al syn herse-aktiviteit ferlear en dat de dokters syn heit en mem fertelden dat harren soan wol net werom komme soe. Mar nei trije jier fjilde Martin syn bewustwêzen weromkommen. Allinne woe syn lichem net meiwurkje. Hy koe net kommunisearje. Mar sa fertelde hy; syn libben feroare opnij, doe’t der in nije ferpleechster kaam. “Virna deed anders tegen me, ze praatte tegen me alsof ik alles begreep. Dat was een verademing. En na een tijdje pikte ze subtiele signalen op, waaruit ze opmaakte dat ik haar echt begreep. Ze overtuigde mijn ouders om tests te laten doen, waarna ik hulp kreeg bij de communicatie.” Troch revalidaasje krige er stadich de regy oer syn libben wer yn hannen.

De wurden dêr’t Jezus it famke mei oansprekt, binne by de minsken fan doe yn it ûnthâld bleaun. It binne de orizjinele wurden, yn de taal fan Jezus sels. Talitha kûmi. Wat yn ús taal betsjut: Famke, kom oerein, sis Ik dy! Op slach gie it famke stean en rûn hinne en wer. Tolve jier wie se. De minsken besauden har, want dit is it lêste en grutste taboe dat Jezus sljochtet. Dat fan de macht fan ’e dea as straf op de sûnde.

Ilja Repin (1844-1930), De opwekking fan de dochter fan Jaïrus

Ek hjir trochbrekt Jezus it moreel universum, dat seit dat nimmen foar syn tiid giet. En dat it har tiid west hat. Of de wil fan God. Jezus giet dwers tsjin dat tinken yn; en hy fergruzelet it taboe.

Hoesa wie it har tiid? Hoesa de wil fan God? As jim eagen yn ’e kop hân hiene, dan hiene jim sjoen dat se net dea wie, mar slepte. Mei hokker eagen hat Jezus dan sjoen? Mei dy fan it begrutsjen om de minsken, mar ek mei it fertrouwen yn de krêft fan Gods leafde. Lykas dy âlden fan in berntsje yn ús tsjerkjebledsje skreauwen: “Wij geloven dat ons kind in zijn handen is en het nimmer de wil van God kan zijn geweest om dit kind het leven niet te geven. Het zal de onvolmaaktheid van ons bestaan zijn geweest.” En dêr docht it fansels it meast sear: wêrom it famke fan Jaïrus wol en uzes net? Is it de ûnfolsleinens fan ús bestean?

Waard dy net sichtber oan it krús, doe’t foarbygongers Him hunen en seine: “Haha, do dy’t de timpel ôfbrekste en yn trije dagen wer opbouste, stap fan it krús ôf en help dysels.”

Waard dy net sichtber oan it krús, doe’t se him útgniisden en seine: “Oaren hat er holpen, Himsels helpe kin Er net. Dy Kristus, dy kening fan Israel, lit Him fan it krús ôfkomme, dan kinne wy it sjen en leauwe.”

Mar wat wy leauwe meie en ús oan fêsthâlde meie, is dat God sels it moreel universum trochbrutsen hat troch Jezus út de dea oprize te litten. En dat wy moed hâlde meie omdat by alles wat ús oerkomt, God ús net falle lit. Lykas dy mem dy’t tsjin har famke fan tsien flak foar in gefaarlike operaasje sei: “Wês mar net bang. Ast wer wekker wurdst, stean ik by dyn bêd en oars stiet Jezus der.” “Ik ha eins leaver dat mem der stiet”, sei it famke. “Ik ek”, sei de mem troch de triennen hinne, “en Jezus wol dat ek leaver. Mar soms giet it noch net sa’t Hy graach wol.” Doe’t it famke de eagen wer iepen die, seach se Jezus, dy’t mei triennen yn ’e eagen har hân beethold. “Talita kûmi”, sei Er, “famke, kom oerein, sis Ik dy!”

ds. Gerard Rinsma, Goutum

july 12, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.