GGD Fryslân ûndertekenet Regionaal Taalakkoart Noard-Fryslân

july 6, 2020 08:46 Fernijd

Paulien Schreuder, direkteur Biblioteken Noard-Fryslân en Theo Hartman, ôfdielingshaad GGD Fryslân, ûndertekenje op woansdei 8 july yn Biblioteek Dokkum, it Regionaal Taalakkoart Noard-Fryslân. Dêr ist GGD Fryslân mei oansletten by it Taalakkoart fan Noard-Fryslân en de Fryske Waadeilannen.

Foto: pixabay.com

Regionaal Taalakkoart Noard-Fryslân
It Taalakkoart is in inisjatyf fan de oerheid om partijen gearwurkje te litten by it ferbetterjen fan taalfeardigens en it te foaren kommen dat minsken har mei taal net goed rêde kinne. De partners yn it taalakkoart Noard-Fryslân en de Waadeilannen binne yn dit gefal de gemeenten yn noardlik Fryslân, Stichting Lezen en Schrijven, it Fryslân Kolleezje en Biblioteken Noard-Fryslân en no ek GGD Fryslân. It Taalakkoart is in skriftlik fêstleine ôfspraak tusken de dielnimmers dêr’t de ambysje en ynset fan alle partijen yn beskreaun is om taaltekoart te bestriden en lêswille te befoarderjen.

BoekStart en BoekStartcoach
In gefolch fan it Taalakkoart is de ynset fan BoekStartcoaches op it konsultaasjeburo. Mei de ynset fan de BoekStartcoach is der mear tiid op it konsultaasjeburo om oer taalstimulearring en foarlêzen te praten. In petear mei de âlden kin derfoar soargje dat dy mei harren bern lêze en nei de biblioteek ta gean.

Foarlêze is moai om te dwaan
Tjitske van der Velde is ien fan de BoekStartcoaches fan BNF. Hja giet op it konsultaasjeburo mei âlden yn petear oer hoe moai en plezierich foarlêzen wêze kin. “Bern kinne al fan trije moanne ôf mei harren âlden boartsjenderwiis fan boekjes genietsje. Mei jins poppe op ’e skutte plaatsjes besjen en mei-inoar prate of sjonge, is goed foar it kontakt mei de poppe. Foarlêze is tige wichtich foar de taalûntwikkeling, mar it is foaral ek moai om te dwaan. Dêrom wol ik as BoekStartcoach graach bekendheid jaan oan foarlêswille. It moaie fan myn oanwêzigens op it konsultaasjeburo is dat ik mear âlden berikke kin. Oarsom wol ik it foar âlden sa maklik mooglik meitsje om mei fragen by my te kommen.”

july 6, 2020 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.