Fryslân: Lelyline fan nasjonaal belang

july 1, 2020 19:12

De Lelyline is foar Nederlân in goede ynvestearring, want winst yn reistiid, nije reizgers en yn eksploitaasje kostedekkend. De tiid is ryp om dy flugge spoarline tusken de Rânestêd en Noard-Nederlân yn it nasjonale Toekomstbeeld OV 2040 op te nimmen. Dat is de konklúzje dy’t de provinsje Fryslân lûkt út in ‘potinsje-ûndersyk’ dat yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de trije noardlike provinsjes makke is.

Trije farianten foar flugger iepenbier ferfier tusken de Rânestêd en Grinslân/Fryslân binne besjoen: besteand spoar, nij spoar en in heechweardige busferbining. Dy lêste fariant falt ôf, mar oer besteand spoar (Amsterdam-Swol-Grins/Ljouwert) en nij spoar (de Lelyline) is tusken de Rânestêd en it Noarden substansjele reistiidwinst te heljen: respektyflik 30 oant 40 minuten. In nij spoar liket goedkeaper. Treinen sille yn beide farianten maksimaal 200 kilometer de oere ride moatte.

Farianten Lelylline yn it ramt fan de lanlike ynfrastruktuer

Deputearre Avine Fokkens-Kelder: “Sa ferbynst lânsdielen oaninoar en kreëarrest synergy, passend by wichtige ambysjes fan it Ryk. Dy flugge ferbining is dêrom in nasjonaal belang. De Lelyline soarget boppedat foar in robúste oansluting fan it Noarden op de rest fan it lân.” Fokkens neamt it wichtich dat de Lelyline neffens it ûndersyk kostedekkend te eksploitearjen is. Se tinkt dat dy nije flugge trein grif 22.500 reizgers deis lûkt. De helte dêrfan reizget no noch net mei it iepenbier ferfier.

It potinsje-ûndersyk is opsteld troch Studio Bereikbaar, INNO-V, Syconomy en Dona Stedenbouw. Fryslân stipet de oanrekommandaasje om no fierdere senario’s te ûndersykjen en te ferlykjen.

july 1, 2020 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.