Fryske skriuwers kreauwe oer Rely Jorritsmapriis

july 28, 2020 13:18

Is de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis wol profesjoneel genôch? Dêr liket it debat oer te gean dat op it stuit op ynternet fierd wurdt. Friduwih Riemersma hat in kritysk stik skreaun en Koos Tiemersma reagearret dêrop.

Frou Riemersma hie in stik ynstjoerd foar de skriuwwedstryd. Hja krige wat letter fan Tresoar yn Ljouwert in folder opstjoerd oer skriuwkursussen en krige letter in brief dat hja net wûn hie. De folder beskôge hja as in meidieling dat hja neffens de sjuery “net bêst” skreau. Hja hie frege wêrom’t hja net wûn hie, mar de sjuery skreau dat se it net oan tiid hiene om elke ynstjoering te besprekken. Dat skriuwt frou Riemersma op Fers2. Hja freget har fierder ôf oft de sjuery wol profesjoneel genôch te wurk giet, bygelyks troch de stikken te besjen sûnder de namme fan de auteur te witten.

Koos Tiemersma reagearret op syn eigen webstee. Hy fynt it stik fan frou Riemersma sels min en skriuwt dat alle ynstjoerders de kursusfolder krigen ha en dat dy net bedoeld is om minsken dúdlik te meitsjen dat se net skriuwe kinne. Hy leit fierders út dat de sjuery alle stikken op papier krijt, sûnder namme fan de skriuwer derby. Hy seit fierders dat literatuer nea hielendal neffens dúdlike regels te beoardieljen is.

De Rely Jorritsmapriisfraach wurdt alle jierren hâlden. Dielnimmers kinne in ferhaal of gedicht yn it Frysk opstjoere. De winners krije jildprizen fan in pear hûndert euro.

It stik fan Friduwih Riemersma is hjir te lêzen: link.
It stik fan Koos Tiemersma is hjir te lêzen: link.

july 28, 2020 13:18
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. joute de graaf july 28, 16:30

    Achte lêzers,
    It is goed neffens my dat in sjuery by in skriuwwedstriid de ynstjoeringen anonym beoardielet. Oars wurdt der ôfgien op bekende nammen. En dat soe ûnearlik wêze. Ik ha ek meidien en krige , krekt as Friduwih in berjocht dat ik gjin priis wûn hie. En ek in folder… Hawar. Je ha altyd mear kâns om nét as ál te winnen. Wer ik har gelyk yn jou is dat de sjuery har, op in fraach fan in ynstjoerder, der ôfmakket mei: gjin tiid te hawwen om elke ynstjoering te besprekken. Werklik net? Je lêze dochs dy ferhalen. Weagje ôf, meitsje kanttekeningen oer styl, ynhâldlik gehalte, orizjinaliteit ensafuorthinne? No dan kinne dy minsken yn fyf sinnen skriuwe werom it net yn de prizen foel. Net oan tiid? Dan moatte je net yn sa’n sjuery sitten gean. Punt. Miskyn moat organisatoaren fan dit soarte fan wedstriden dy útgongspunten meinimme
    Joute de Graaf………… mei o sa’n moai ferhaal !

  2. Koos Tiemersma july 28, 19:54

    Bêste Joute de Graaf,

    Jo stelling dat de sjuery him derfan ôfmakket kloppet net. Sjueryleden wurde frege en krije dan in opdracht, yn dit gefal om safolle priiswinnende ferhalen en gedichten út te sykjen. Dêrmei sit har wurk der, nei it skriuwen fan in sjueryrapport derop.

    As alle, ik mien sa’n tachtich ynstjoerders in persoanlik rapportsje hawwe moatte, sil Stifting FLMD dat by de opdracht opnimme moatte.

    Ik kin jo no al foarsizze dat, mocht de Stifting dêrta beslute, der einleaze diskusjes ûntstean sille tusken ôfwiisde dielnimmers en de sjuery oer de terjochtens fan har opmerkingen. Noch in oare foarsizzing: de Stifting sil gjin hûn ree fine en nim in sit yn sa’n sjuery, want ‘even’ alle dielnimmers fan in rapportsje foarsjen kostet bakken tiid en dat kinne jo net ferlange fan in trijetal frijwilligers.

    Myn adfys: as jo graach in rapportsje oer jo ferhaal hawwe wolle, hier dan in betûft redakteur yn dy’t jo fierder helpt. Of lês de folder fan Tresoar en skriuw jo yn foar in kursus…

  3. Koos Tiemersma july 28, 20:01

    Bêste Joute de Graaf,

    Jo stelling dat de sjuery him derfan ôfmakket kloppet net. Sjueryleden wurde frege en krije dan in opdracht, yn dit gefal om safolle priiswinnende ferhalen en gedichten út te sykjen. Dêrmei sit har wurk der, nei it skriuwen fan in sjueryrapport, op.

    As alle, ik mien sa’n tachtich, ynstjoerders in persoanlik rapportsje hawwe moatte, sil Stifting FLMD dat by de opdracht opnimme moatte.

    Ik kin jo no al foarsizze dat, mocht de Stifting dêrta beslute en trije frijwilligers ree fine om yn sa’n sjuery plak te nimmen (wat noait slagje sil sjoen de tiid dy’t der dan yn stutsen wurde moat), der einleaze diskusjes ûntstean sille tusken ôfwiisde dielnimmers en de sjuery oer de terjochtens fan har opmerkingen.

    Myn adfys: as jo graach in rapportsje oer jo ferhaal hawwe wolle, hier dan in betûft redakteur yn dy’t jo fierder helpt. Of lês de folder fan Tresoar en skriuw jo yn foar in kursus…

  4. Joute De Graaf july 28, 21:42

    Koos, de opmerking yn de lêste sin ( in rapportsje freegje fan in betûft redakteur, fan tecfiaren nim ik mar oan) past dy net tsjinoer my. Dat is in stek ûnder wetter

  5. Koos Tiemersma july 29, 08:19

    Sorry, sa bedoelde ik it net. Mar foar wa’t feedback op in ferhaal of boek hawwe wol, is dat dochs de wei, ek as je skriuwer mei ûnderfining binne. Ik doch dat sels yn alle gefallen geregeld, fandêr myn opmerking. Mar nochris, net sa bedoeld.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.