Frysk net populêr ûnder Nederlânsktalige learlingen – in probleem en in oplossing

july 17, 2020 20:17

Frysktalige learlingen yn it fuortset ûnderwiis binne like posityf oer Frysk en Nederlânsk, wylst se it Ingelsk wat leger wurdearje. Nederlânsktalige bern hawwe it meast op mei it Nederlânsk, dan komt Ingelsk en it Frysk komt in efterop. Oarstalige bûtenlânske bern sitte wat tusken de twa groepen yn.

Dat docht bliken út ûndersyk fan Irina Makarova. Hja hat har ôfstudearûndersyk foar de stúdzje meartaligens oan de Ryksuniversiteit Grins nei manieren om it Frysk populêrder te meitsjen.

Om net-Frysktalige bern entûsjaster te meitsjen foar it Frysk soenen se mear wenne moatte oan meartaligens yn de klas. Boppedat soe it Frysk op skoalle folle faker as fiertaal brûkt wurde moatte. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dat foar oare minderheidstalen lykas Baskysk in grut ferskil makket.

Frou Makarova hat ek praat mei leararen Frysk út it fuortset ûnderwiis, fan hegeskoallen en fan de universiteit om harren ideeën te freegjen. Hja wienen it der yn mearderheid oer iens dat de hjirboppe neamde ideeën – meartaligens nijsgjirrich meitsje en Frysk as fiertaal brûke – de bêste manieren binne om bern entûsjaster te krijen foar it Frysk, mar yn ‘e praktyk wie dat dreech. Leararen wisten net hoe’t it moast, krigen gjin stipe fan har skoalle of hienen te min lestiid om wat oars te dwaan as taalfeardigens. Guon warskôgen der ek foar dat te folle omtinken foar meartaligens derta liede koe dat it Frysk noch minder omtinken krije soe.

july 17, 2020 20:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne july 21, 22:58

    Om net-Frysktalige bern dy’t leaver Ingelsk leare entûsjaster te meitsjen foar it Frysk soe it ek goed wêze harren der op te wizen dat de talen nau besibbe binne. Frysk is in foech ‘sibling of English’ lykas de lesjouwer yn de History of English Podcast fol fjoer fertelt yn Episode 3. De harkkolleezjes binne tige oan te rekommandearjen. Oan de ein fan Episode 28 giet er wiidweidich op dy sibskip yn en docht er wakker syn bêst om Frysk te praten en sa de oerienkomsten tusken de beide talen oan te toanen. It wurdt allegearre yngeand histoarysk ferklearre. Sjoch: https://historyofenglishpodcast.com/2013/08/06/episode-28-angles-saxons-jutes-and-frisians/. It soe dêrom neffens my goed wêze en brûk it Frysk as basis om Ingelsk te learen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.