Fredespriis foar Julian Assange
Resint ferskynd

Julian Assange
De Australyske sjoernalist Julian Assange hat de fredespriis fan Stuttgart krige. Dy wurdt alle jierren troch de Dútske organisaasje Die AnStifter útrikt. Der wiene 26 minsken en organisaasjes nominearre.
Assange sit op it stuit yn in Ingelske finzenis. Hy wurdt mooglik ynkoarten útlevere oan ‘e Feriene Steaten, dêr’t er beskuldige wurdt fan spionaazje. Assange makke tsien jier lyn fia it webstee WikiLeaks hûnderttûzenen Amerikaanske oerheidsdokuminten iepenbier. Dêrtroch waard buorkundich dat Amerikaanske militêren harren slim misdroegen hiene yn Afganistan en Irak.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje