Frâns Kuipers: Sliepe

july 4, 2020 10:13

Kollum

Fan 2012 oant 2017 regearre Kabinet Rutte-II. Dat regear bestie út de VVD en de PvdA. It waard ek wol Kabinet-Rutte-Asscher neamd, mei in ferkiezingsramp foar de PvdA yn 2017: in tebekset fan 30 nei 9 sitten yn de Twadde Keamer. De PvdA wie as in blyn hynder yn see gien mei de VVD.

Trochskowe
Ien fan de wichtichste beliedsferoaringen wie dat sawat alle soarchtaken trochskood waarden nei de gemeenten. Dy transysje waard yn 2015 yn gong set. De argumintaasje wie dat gemeenten tichter by de befolking steane en dus better bekend binne mei sosjale omstannichheden fan de eigen befolking. Gemeenten soene ‘op maat’ de measte soarchfragen better besjen en oplosse kinne. Tagelyk soene gemeenten goedkeaper wurkje kinne, en dêrfan útgeande waard 25% besunige op in foar harren nij sosjaal domein. Der waard ek tocht, de transysje fan dit sosjaal domein soe befoarderlik wêze foar gemeentlike fúzjes, want dat wie al lang in winsk fan provinsjes. Regionale gearwurking stie en stiet heech yn it findel.

Protest
No protestearje de gemeenten tsjin de net mear op te bringen kosten fan it saneamde ‘sosjale domein’. Doetiids, yn 2015, wiene alle gemeenten it folslein iens mei de tinkwize fan kabinet Rutte-II. Gemeenten soene sosjale taken ‘tichteby de minsken’ folle better dwaan kinne as it Ryk. Yn mannich ferkiezingsprogram stie de slogan ‘tichteby de minsken’ te lêzen. Doe al binne der ek tal fan krityske teksten skreaun oer dy beliedsferoaring, dêr’t yn útlein waard dat it op ’e kop ferkeard komme soe. Foldwaande kennis en kunde wie/is by gemeenten net oanwêzich, want amtlik is in soarchprobleem net op te lossen. Dêr binne saakkundige helpferlieners foar nedich en dy binne der (no) hast net (mear).

Blyn
De measte gemeenten en gemeenterieden binne der yn 2015 blyn ynstapt. Sy hawwe net genôch protestearre tsjin de rykskoarting fan 25% op it nije sosjale domein. Gemeenterieden en wethâlders wiene eins wol bliid mei de nije put. Op himsels in goeie hâlding, want fan alles waard útfûn en betocht lykas doarpeteams, kearnteams, WhatsAppHelpdesks en wat al net mear. Doe’t de gemeenten de begruttingen net mear op oarder krije koene, kamen se manmachtich yn opstân. Finansjele tekoarten koene allinne mar oplost wurde troch it ferheegjen fan gemeentlike belestingen en it besunigjen op sport en kultuer, ensafierder. De gemeenterieden woene dat net, want it soe reuring en ûntefredenheid ûnder de befolking jaan. Dêr sit gjinien op te wachtsjen.

Wekker
De Keamer waard troch it boargemastersprotest wekker skodde. De SP frege ien miljard euro foar de gemeenten en it CDA woe dat dit foar de simmer noch regele wurde soe. Pûsterige Polityk, mar hawar, dochs noch in krêftich polityk lûd oan ’e ein fan it Keamerseisoen.

Minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken giet troch de bocht. Sy toant begryp. Gemeentebegruttingen meie op in letter stuit ynlevere wurde en hoege net ‘slutend’ te wêzen. It is goed dat boargemasters dit Ryksbelied net langer pikten, want de Twadde Keamer wie yn 2015 net wekker te krijen.

july 4, 2020 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.