Fragen oer sloop Hûs Vianen, Beetstersweach

july 2, 2020 10:25

Der wurdt grute dat it opfallende en pittoreske hûs Vianen oan de Van Harinxmawei by Beetstersweach (sjoch foto) sloopt wurde sil. Dat is foar de fraksje GroenLinks-OpsterLanders oanlieding om skriftlike fragen oan it kolleezje fan B&W fan de gemeente Opsterlân te stellen.

De fraksje wol witte oft de gemeente dêr in sloopfergunning foar krige hat en wat dêroer besletten is of wurdt. Fierder wurdt frege oft de gemeente dêr kontakt oer hân hat mei Pleatslik Belang en de histoaryske feriening, oft it hûs op de monumintelist stiet, wat it belied en de fyzje fan de gemeente is as it om sokke foar doarp en lânskip markante gebouwen giet en wat de gemeente docht om de sloop fan it hûs Vianen foar te kommen. De fragen binne ûndertekene en yntsjinne troch riedslid Johan Sieswerda.

july 2, 2020 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.