Foar it earst Nederdútsk op Brandenburger plaknammeboerd

july 25, 2020 12:51

It âlde boerd …

Yn de Dútske dielsteat Nedersaksen is it Nederdútsk op guon plaknammebuorden al jierren in feit. Wa’t yn East-Fryslân is, sjocht bygelyks ûnder it Heechdútske Aurich ek it Nederdútske Auerk stean. Oare dielsteaten wiene der oant no ta lykwols tebekhâldend mei.

Yn ‘e East-Dútske dielsteat Brandenburch is no foar it earste in twatalich boerd mei it Nederdútsk derop te sjen. It doarp Sewekow (Heechdútsk) of Sävko (Nederdútsk) hat beide nammen no op ‘e buorden oan it begjin fan ‘e beboude kom te stean.

Dat dat it gefal is, komt troch in aksje fan ynwenners en stipe fan de Bundsraat för Nedderdüütsch, dy’t him yn Noard-Dútslân hurd makket foar it Nederdútsk. Heide Schäfer is ien fan ‘e inisjatyfnimmers. Hja is tige warber foar de streektaal en hat in skoalle opset dêr’t de bern tagelyk mei harren jonge âlden, dy’t de taal faak ek net mear machtich binne, Nederdútsk leare fan de pakes en beppes.

… en it nije.

It Nederdútsk is part fan it Nedersaksysk, dat yn Nederlân en Dútslân in beskerme status hat. It wurdt praat yn it easten fan Nederlân en it noarden fan Dútslân. Fierders binne der yn East-Europa en Azië noch Nederdútsk pratende mienskippen te finen.

Yn it suden fan Brandenburch wenje de Sorben, in groep dy’t fanâlds in Slavyske taal praat. Hja hawwe almeast al folle langer twatalige plaknammebuorden.

july 25, 2020 12:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.