Fleurige sirkusdei foar bern yn AZC’s

july 29, 2020 19:22

Yn tritich AZC’s sil it Wolketeäter de bern fermeitsje mei online filmkes. Dy bern libje noch hieltyd ûnder it rezjym fan de koroanamaatregels. De simmerfakânsje makket it nochris ekstra dreech, want der is gjin ôflieding en wêr soene se hinne moatte?

Dêrom giet it Wolketeäter yn augustus by de AZC’s lâns. Yn in iepenloftfoarstelling Sirkus-doch-mar-mei wurdt alderhande guod dat yn alle huzen te finen is omtsjoend ta sirkusattribút foar jonglearsênes of gûcheltrúks. Op dy wize wurde bern ynspirearre om it libben fan aldendei op in kreative en boartlike manier te besjen en thús sels ek sikuske te spyljen.

De foarstellingen yn Fryslân binne yn
AZC Sneek: moandei 10 augustus om 16.00 oere
AZC Burgum: tiisdei 11 augustus om 12.00 oere
AZC Drachten-Noorderein: tiisdei 11 augustus om 16.00 oere
Fanwegen de RIVM-maatregels binne is besletten foarstellingen.

It Wolketeäter is yn 1993 oprjochte troch keunsters dy’t út it eardere Joegoslavië wei nei Nederlând ta flechte wiene. It selskip spilet mei pasje en fol oertsjûging foar flechlingebern. It selskip bestiet no út diplomearre teäterdosinten, erkende keunstners en oare besiele minsken út de teäterwrâld. Mear ynformaasje is te finen op www.wolkentheater.nl.

july 29, 2020 19:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.