Flearmûzekoloanje Tsjerkwert live te folgen

july 11, 2020 12:03

De nok fan de Tsjerkwerter tsjerke wurdt al sûnt jierren as kreamkeamer fan in grutte koloanje marflearmûzen brûkt. De jongen binne krekt berne. Fan ’e wike binne ynfrareadkamera’s oanbrocht, sadat no op de livestream te folgjen is wat him dêr yn dy nok allegear ôfspilet.

Om it opgean en it ûndergean fan de sinne hinne is der it measte te sjen: de fleanoefeningen fan de jongen, it deistich ritueel fan it skjinhâlden en it yn- en útfleanen op de souder. It útfleanen is meastal trije kertier nei sinneûndergong.

Flearmûs (foto pixabay.com)

It is in unike koloanje. Al mear as santich jier huzet dy dêr. Ferline jier wiene der 360 memmen en jongen. De mantsjes wurde troch de wyfkes út de tsjerke weiholden. De jongen wurde hast allegear yn juny berne en binne meastal in jier jonger as de memmen. Yn septimber geane de flearmûzen mei de jongen nei harren winterferbliuw en om 1 april hinne komme se wer yn Tsjerkwert werom .

Flearmûzen libje net allinnee yn tsjerketuorren, mar ek yn âlde holle (wylge)beammen. Omdat der dêr hieltyd minder fan steanbliuwe, hawwe se ek minder nêstgelegenheid. Se sitte ek wol ûnder dakken; dan krûpe se troch kierkes. Fierder jouwe se gjin lêstr. Krektoarsom, se bestride pleachbisten. Alle jierren ite se wol in kroade fol ynsekten, ek de ikeprosesjerûp.

De kamera’s binne ophongen foar Bats yn Byld, in projekt fan de Fryske Miljeifederaasje, Lânskipsbehear Fryslân en Mar en Klif. It doel fan it projekt is om mear te witten te kommen oer de flearmûzestân yn Fryslân en benammen om de Friezen bekend te meitsjen mei de flearmûzen yn de eigen buert en om de flearmûzepopulaasje te fersterkjen. De livestream is net de iennige aktiviteit fan it projekt. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân is yn fiif doarpen in projektgroep: Tsjerkwert, Kimswert, Eksmoarre, Burchwert en Heech. Dêr binne ferbetterplannen makke, der wurden testen ôfnommen by húseigeners troch ‘Batmen’ en skoallen dogge mei de bern mei oan in flearmûzesafary fan besikerssintrum Mar en Klif yn Aldemardum.

Foar Bats yn Byld is in unike film makke troch de makkers fan ‘De Wilde Stad’. Dy fertelt it ferhaal fan de koloanje en it belang fan flearmûzen. De livestream, nijtsjes en de film binne te sjen op www.fmf.frl/byb/.

 

 

july 11, 2020 12:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.