Flamingen hawwe har nocht fan asosjale Nederlânske toeristen

july 12, 2020 23:30

De Flaamske krante De Morgen hat it oer it foarm fan etnysk profilearjen: de plysje yn Knokke hâldt nammentlik in ekstra skerp each op jongelju dy’t dúdlik út Nederlân komme: wite broeken, koarte rokjes, poloshirts, it brûken fan houdoe! en doeg! en it te lûd praten.

Wa’t sokke Nederlânske skaaimerken hat, kin derop rekkenje dat er troch de plysjes oanhâlden wurdt en in identiteitsbewiis sjen litte moat. It giet yn de measte gefallen om jeugd fan in jier as sechstjin, santjin, dy’t yn Nederlân noch net drinke mei. Yn België mei dat wol.

De jongelju lizze op in minne namme, benammen om’t se har misgeane oan drank. Hja geane tsjin de regels yn sûnder mûlekapke winkels yn, binne ûnfatsoenlik tsjin ‘e plysje, geane net fuort as de kroegen ticht moatte, daagje plysjes út en skelle harren út. Freed waarden yn Knokke in pear jongelju oanhâlden dy’t mei de plysje op ‘e fûst giene en in plysje dy’t oer de strjitstiennen lei, tsjin ‘e holle skopten.

july 12, 2020 23:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.