Fjouwer nije skriuwers oan ‘De berchrede fan it flakke lân’

july 1, 2020 08:59

De berchrede fan it flakke lân, part 3 en 4

Wylst de Fryske Europarlemintariër Anja Haga hurd wurke oan har ideaal fan in duorsumere maatskippij, waard se troffen troch it koroanafirus. Dochs skriuwt ek sy mei oan it ferfolch fan De berchrede fan it flakke lân, in searje fan Fryslân DOK oer de takomst néi de koroanakrisis.

Nynke Laverman (foto: Omrop Fryslân)

Stadichoan krûpt it lân út de lockdown. Jout it ‘nije normaal’ ek kânsen op fernijing? Yn in ferfolch op De berchrede fan it flakke lân presintearret Fryslân DOK fjouwer nije essays oer de takomst. De skriuwers binne sjongeres Nynke Laverman, yngenieur Govert Geldof, filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga.

Nynke Laverman wurket oan har nije foarstelling Plant. In ferhaal oer in frou dy’t beslút om har persoanlikheid yn te ruiljen foar it bestean fan in plant, om sa in útgong te finen út it fort fan beton en materialisme. De koroanakrisis twingt de poadiumkeunstneres ta oare foarmen.

Govert Geldof ferdjippet him al jierren yn it tema ‘kompleksiteit’. Neffens him is de maatskippij te kompleks om der fet op te krijen. Bestjoerders soene dan ek net besykje moatte om grutte, oerkoepeljende plannen te betinken, mar fertrouwe moatte op it fakmanskip fan de minsken yn de praktyk.

Govert Geldof en Bart Kingma (foto: Omrop Fryslân)

Filosoof Jabik Veenbaas basearret him op de Ferljochting, de kreamkeamer fan de moderne westerske kultuer. In kultuer dy’t foarspoed en frijheid brocht, mar ek problemen. De oplossingen fan dy problemen binne ek wer yn de Ferljochting te finen, mient Veenbaas.

As Europarlemintariër foar de ChristenUnie wurket Anja Haga fan Dokkum hurd oan in duorsumere maatskippij. Mei de presintaasje fan de ‘New Green Deal’ yn de Europeeske Kommisje kaam dat ideaal tichterby. Mar doe fersprate it koroanafirus him oer it kontinint – en trof Haga ek. Se sit no al trije moanne thús.

Neist de TV-dokumintêren bringt Fryslân DOK de berchrede ek as podcast yn Ferhalen fan it flakke lân. De essays fan de fjouwer skriuwers wurde publisearre troch kultureel tydskrift De Moanne.

Fryslân DOK: De berchrede fan it flakke lân 3 – Nynke Laverman en Govert Geldof
Sneon 4 july, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 5 july 13.10 oere)
Snein 5 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK: De berchrede fan it flakke lân 4 – Jabik Veenbaas en Anja Haga
Sneon 11 july,15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 12 july 13.10 oere)
Snein 12 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

De podcast Ferhalen fan it flakke lân fan Fryslân DOK is te downloaden fia de podcastkanalen iTunes, Google en Spotify. De essays wurde publisearre op www.demoanne.nl.

july 1, 2020 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.