Fjouwer hoarekasaken ticht

july 30, 2020 08:16

Feilichheidsregio Fryslân hat mei yngong fan hjoed in tal lokaasje yn de gemeenten Súdwest- Fryslân en Smellingerlân as ferbean gebiet oanwiisd. Soks fanwegen it net neilibjen fan de maatregels út de needferoardering.

It giet om Club 1841 en Café Neighbours, beide yn de Lytstsjerkstritte yn Snits, Café Ludiek yn de Kruzebroederstrjitte yn Snits en Champino/Skihut oan de Súdkade yn Drachten. De terassen fan Café Neighbours  en Champino/Skihut bliuwe wol tagonklik, want dêr binne de maatregels net oertrêde.

By de neamde bedriuwen wiene ôfrûne sneontejûn en ‑nacht te folle minsken oanwêzich, der waard net genôch ôfstân yn acht nommen, de sûnens waard net kontrolearre en de minsken krigen gjin sitplak tawiisd. Yn ien fan de saken koe ek dûnse wurde en dat mei net.

De ûndernimmers moatte no in plan yntsjinje dat dêr’t dúdlik yn makke wurdt dat der maatregels nommen wurde om de needferoardering wol nei te libjen. As dat goedkard is lit de foarsitter fan de Feilchheidsregio yn him omgean oft de sluting ynlutsen wurde kin.

july 30, 2020 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.