Fideoferslach rjochtsaak plaknammen Waadhoeke

july 15, 2020 22:23

Moat nei in fúzje fan gemeenten mei sawol formeel fêstleine Nederlânske as Fryske plaknammen de offisjele beneaming fan alle plakken yn de nije gemeente yn deselde taal fêsteld wurde? En soe dat dan op grûn fan ynternasjonale ôfspraken de minderheidstaal wurde moatte? Juster tsjinne dêr in rjochtsaak oer dy’t Frjentsjerter Jehannes Elzinga – bystien troch de Topografyske Wurkgroep Fryslân – tsjin de gemeente Waadhoeke oanspand hie. In saak dy’t potinsjeel konsekwinsjes ha kin foar oare gemeenten mei op in part fan it grûngebiet Frysktalige plaknammen. Sa soe it der skielk bygelyks op útdraaie kinne dat yn de omkriten fan Amsterdam al hânwizers nei ‘Ljouwert’ wize sille yn stee fan nei ‘Leeuwarden’. Mar safier is it noch lang net. Ynearsten is it by de rinnende rjochtsaak om prosedurele omballingen te rêden. De gemeente Waadhoeke hat nammentlik besletten ôf te sjen fan de taalharmonisaasje fan plaknammen – wylst neffens de wet alle regelingen yn in fúzjegemeente harmonisearre wurde moatte – en dêr hat Elzinga beswier tsjin makke. Dat beswier is net ûntfanklik ferklearre troch de gemeente. Neamde reden dêrfoar is dat it in yntern beslút fan de gemeente oanbelange sûnder eksterne rjochtsgefolgen. Mar Elzinga ûnderfynt dy gefolgen no just al, want hy kin syn wenplak net yn syn eigen taal oantsjutte op offisjele dokuminten, wylst oaren yn deselde gemeente dat wol kinne. De gemeente bliuwt lykwols by syn stânpunt. De rjochter moat der dêrom no oer kedize en docht oer seis wiken útspraak. Om’t der mar in tige beheind tal minsken by de rjochtsaak wêze mocht, waard dy troch Omrop Fryslân streekrjocht op it ynternet útstjoerd en is dy hjirûnder nochris te besjen.

 

En/of lês in eardere útlis fan de kwestje troch Elzinga sels hjirre.

july 15, 2020 22:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân july 17, 14:27

    De kompliminten binne foar Omrop Fryslân dy’t de saak direkt oer it ynternet (live stream) útstjoerde. Yn koroanatiid mochten der mar in pear minsken yn ‘e rjochtseal.

    Wy hoopje fansels dat Elzinga syn gelyk hellet. Mar it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ jout him mei syn sterke punt oer rjochtsgelikensens de mooglikheid hielendal oant it Europeeske Hof te gean. Wy sille him graach helpe.

    Dat freget in soad geduld en tiid fan libjen fansels.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.