Fertochte bekent brânstifting katedraal Nantes

july 26, 2020 21:23

De plysje fan it Frânske Nantes hat in bekentenis fan it oanstekken fan ‘e katedraal fan Nantes goed in wike lyn. Net allinne it gebou rekke slim skansearre, mar ek it oargel en in soad keunst yn ‘e katedraal giene ferlern.

De man dy’t de die bekend hat, is in 39-jierrige Rwandees dy’t yllegaal yn Frankryk wie.  Hy hie earder wurk foar de tsjerke dien. Neffens de plysje hat er op trije plakken yn ‘e tsjerke brân stifte. De plysje hie him fuort nei de brân oppakt, mar him letter wer rinne litten.

As er skuldich ferklearre wurdt, kin er tsien jier finzenisstraf en in boete fan 150 tûzen euro krije.

july 26, 2020 21:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.