Ferlamming troch dwerslezy soms te genêzen

july 27, 2020 12:05

Fiif minsken mei ferlamme skonken kinne dy wer in bytsje bewege. In pear fan harren kin sels wer stean. Dat komt troch in nije behanneling dy’t ûntwikkele is troch wittenskippers fan ‘e Erasmus-universiteit yn Rotterdam.

De pasjinten koenen troch in dwerslezy al jierrenlang de skonken net mear brûke. Hja hawwe in apparaatsje yn ‘e skonk krige dat de senuwknopen stimulearret. It apparaatsje wie al yn gebrûk om pine te bestriden. By guon pasjinten ûntstiene beweging fan ‘e skonken as bywurking. Undersykslieder Sanjay Harhangi seit: “Toen ik dat hoorde op een symposium over pijn, ben ik aan het denken gezet. Zou je via deze knoop beenspieren kunnen aansturen en verlamde mensen weer kunnen laten lopen?”

It is net sa dat ferlamme pasjinten no fuort wer rinne kinne. It meitsjen fan rinbewegings en it oerein bliuwen is tige kompleks. Harhangi giet lykwols fierder mei ûndersyk om te sjen oft rinnen úteinlik wer mooglik makke wurde kin.

july 27, 2020 12:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.