Farske streekprodukten op Boeremerk Wâldsein op tongersdeis
Resint ferskynd
Fan 9 july oant en mei 20 augustus wurdt yn Wâldsein sân wiken efterinoar de Boeremerk holden. Dy is tongersdeis fan 11.00 oant 17.00 oere op de Waechswâl yn it sintrum fan it doarp.
It stie faai oft de merk dit jier wol trochgean koe, mar no’t de maatregels ferromme binne, kinne der wer streekmerken organisearre wurde. Troch iterij te ferkeapjen wurde de streekboeren holpen en kinne de klanten genietsje fan hearlik farske produkten út de buert. De streekmerken yn Himmelum en Aldeberkeap wurde ek wer holden. De merk wurdt rom opset en alle besikers wurdt frege om 1,5 meter ôfstân te hâlden.
Op de Boeremerk yn Wâldsein is fan alles te keap lykas net-bespuite griente en fruit, jam, huning, tsiis fan de ko, skieppetsiis, geitetsiis, spesjale bôlen, fisk, fleis fan de ko, bargefleis, guozzefleis, rikke salm en iel, tee, kofje, wyn, biosop, biologyske nôtprodukten, boere-iis, oliifoalje en tapenades.
De 11-Stegetocht
In besite oan de Boeremerk is moai te kombinearjen mei in koarte kuier troch it wettersportdoarp om sa de smelle strjitsjes te ûntdekken mei alderhande ytgelegenheden, aardige winkeltsjes, de mûnen en de tsjerken. In oanrieder is de 11-Stegetocht. In folder is op de merk en yn it doarp te krijen. De nije 11-Stegetocht is in aardige aktiviteit foar alle leeftiden. Under de tocht kinne mei QR-koaden op de mobile telefoan ynformative filmkes besjoen wurde.
Fergees oanlizze
Oerdeis kin der fergees oanlein wurde yn de nije passantehaven. De Boeremerk en it sintrum binne dêrtroch foar wettersporters op rinôfstân hiel goed te berikken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje