Fan fjorden, fertier & frouljusfleis

july 25, 2020 12:04

Resint ferskynd

Reitse Ritsma en syn frou, en harren reisfreonen Aafke en Auke Piersma, hawwe fan ’t simmer op fakânsje nei Noarwegen west. Se hiene dizze kear de auto en de caravan thúslitten en in reis mei in touringcar boekt. It like Reitse earst nei fleanen. Hy hie altiten roppen dat er foar syn tachtichste net yn in bus op fakânsje woe. Eigen ferfier, dan wie men frij om te gean en te stean wêr’t men woe. Mar diskear mei de bus hie syn reden.

Ferline jier yn Ierlân hie Reitse de earste de bêste rotonde rjochtsom naam. It hie oan de tûkens fan in frachtweinsjauffeur te tankjen west dat se it neifertelle koene. It hie him oan dy smelle weikes en hege hagen lein, hie Reitse lichtsjes opmurken. Dat wie ôfwaaid praat fansels, want hy hie rom sicht op dy rotonde. Links ride, it stjoer links en it opljeppend aard fan Reitse wie in libbensgefaarlike kombinaasje, dy’t makke dat se dit jier foar in busreis keazen.

In lúkse touringcar fan de firma Sûnder Soargen út Drachten pikte de twa pearkes moarns ier en betiid op by it benzinestasjon bûten it doarp. De oerstek fan Denemarken nei Noarwegen wie nachts. Dus kamen se de oare moarns fit en útrêst yn Oslo oan. De rûte nei ’t hotel, dêr’t se de earste nacht trochbringe soene, brocht it selskip troch in majestueus berchlânskip. It ferbliuw yn it earste hotel wie bêst genôch. Goed fan iten en drinken en de bêden koene de fergeliking mei de boxspring thús glânsryk trochstean.

Foto: pixabay.com

In hichtepunt wie in boattocht oer ien fan de moaiste fjorden fan Noarwegen. Sels Reitse wie derfan ûnder de yndruk. Elk hie it nei ’t sin. Noch al. Dat bleau sa net. Op ien fan de lêste dagen brocht de bus it selskip omheech de bergen yn. Op in mânsk parkearterrein moasten se útstappe en oerstappe yn in kabelbaantsje dat harren it lêste ein nei de top fan de berch brocht. It kabelbaantsje hie blykber by de bou fan de arke fan Noach noch tsjinst dien, sa stadich sukkelen de bakjes nei boppen. It duorre Reitse fierstente lang. Hy liet him gean as in bongel fan sechstsjin op in skoalreiske. Hy skommele it bakje sa bot hinne en wer dat Sieuwke, dy’t raasde as in meagere baarch, wyld om har hinne begûn te slaan. Hjir moast in klap op komme. Dy kaam. Even letter seagen se Reitse gefaarlik fier út it bakje hingjen. ‘Hy mist syn bril leau ’k’, raasde Auke tsjin Aafke. En ja hear, Sieuwke hie him yn har deadseangst de bril fan de noas mept. Dy bleau, sa’n hûndert meter ûnder it bakje, yn ’e tichte, wielderige begroeiing op ’e flanken fan de berch efter.

Boppe oankommen wie de sfear om te snijen. No sjocht Reitse mei bril al net te bêst, sûnder bril sit er hielendal oanklaud. Aldergelokst siet syn sinnebril, mei glêzen op eachsterkte, by Sieuwke yn ’t rêchsekje. De rest fan de fakânsje gie er as Onassis troch de tiid. Hy liet it berêstend oer him hinne komme. De lêste nacht waard yn Oslo trochbrocht. In fiifstjerrehotel, foltroppe mei de nijste snufkes, bubbelbad, sauna, Turks stoombad, folle net genôch. Yn it húsbarke op ’e keamer stiene de meast eksoatyske drankjes mei like eksoatyske prizen. In flatscreenskerm boppe it bêd hie sa’n tachtich telefyzjestasjons yn ’e oanbieding. Reitse zapte foar’t er him deljoech fan it iene nei it oare stasjon. It NOS-sjoernaal wie net te trasearjen. Kanaal 80 bea, tsjin betelling, wat eroatysk, nivo Tirolfertier. Sieuwke sliepte as in baarch. It klamme, brodske sfearke op ’e keamer, noch wat oanset troch de donkere brilleglêzen fan Reitse syn needbril, brocht him wat yn ûnstjoer. De bongel fan sechstsjin naam syn plak wer yn. De film sette útein. Mei in heal each op syn frou en oardel each op it skerm swalke Reitse op de brede wei om. Ynienen begûn Sieuwke yn har sliep te âljen. Reitse skrok wakker en socht fersuiske om ’e off-knop.

De oare deis sieten se al ier en betiid oan it moarnsbrochje. Noch efkes by de resepsje lâns de lêste kosten ferrekkenje. Sieuwke stie mei de kredytkaart yn ’e oanslach. As se al net wekker wie, dan waard se it no wol. Moasten der 450 Noarske kroanen betelle wurde foar ien sapke en twa wite wyn? Dat doogde foar gjin botsen. Reitse moast derby komme. Dy stie wat ûnnoazel op it display fan de kompjûter te stoareagjen. It minske djippe wat mear details út de kompjûter op. Keamer 211 hie de ôfrûne nacht om 04.00 oere noch ynskeakele op ChickChannel, in stasjon mei frivoale ferdivedaasje, wist se te melden. Sieuwke hie gjin fierdere útlis mear nedich. Dat healoerke wrâldsk fertier fol frouljusfleis hie omrekkene 64 euro koste. Reitse wie wat bliid dat er him op ’e weromreis efter de donkere glêzen fan de sinnebril ferskûlje koe. Sieuwke hie de fakânsje fan takommend jier al wer pland. Appelskea. In steancaravan. Aafke en Auke bliuwe thús.

Inne Bilker

Dit ferhaal stie yn De Nije 2.1 – april 2020. It wûn de earste priis yn de ferhalewedstriid fan dat blêd.
july 25, 2020 12:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.