Fakânsjeskoalle Ljouwert útwreide fan twa nei fjouwer wike

july 25, 2020 09:09

Guon bern hawwe fanwegen it thúsûnderwiis yn ’e koroanakrisis in learefterstân oprûn. Der binne dit jier dan ek mear learlingen dy’t wol help brûke kinne as tarieding op it nije skoaljier. Om se stipe yn ’e rêch biede te kinnen, duorret de Fakânsjeskoalle Ljouwert dit jier twa kear sa lang. Gjin twa, mar fjouwer wike lang Fakânsjeskoalle yn it gebou fan Comenius Zamenhof.

Foto: pixabay.com

Fakânsjeskoalle Ljouwert
Fakânsjeskoalle Ljouwert is ornearre foar learlingen út it basisûnderwiis dy’t nei de simmerfakânsje nei groep 6, 7 of 8 gean. De learlingen krije der boartsjendewei les yn datjinge dat se noch leare wolle of lestich fine. Der wurde ek ferskate sportive en kulturele aktiviteiten holden.

De lessen wurde jûn troch pabo-studinten, dy’t sels wer begelaat wurde troch fakspesjalisten. Dêrnjonken leare de learlingen oer sûn iten en meie se alle dagen sels harren eigen farske middeismiel klearmeitsje oan ’e hân fan in itensiedersles.

De Fakânsjeskoalle wurdt yn ’e lêste fjouwer wike fan ’e simmerfakânsje organisearre troch de gemeente Ljouwert, de ûnderwiiskoepels Proloog, Bisschop Möller Stichting, PCBO en Kunstkade.

july 25, 2020 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.