Duda bliuwt presidint Poalen

july 13, 2020 14:13

De Poalske presidint Andrzesj Duda mei troch. It wie wikkerdewik, mar mei 51 persint fan ‘e stimmen hat er syn rivaal Rafal Trzaskowski dochs ferslein.

Duda is lid fan ‘e partij Rjocht en Rjochtfeardigens, in konservative en nasjonalistyske partij, dy’t opkomt foar Poalske tradysjes. Troch de bernebyslach en de pensjoenen te ferheegjen hat er in protte stipe wûn. Tagelyk kriget er in soad krityk trochdat er de macht fan rjochters oantaast. Hy hat derfoar soarge dat it parlemint rjochters oanstelle en dien jaan kin. Duda is net in leafhawwer fan ‘e EU. De relaasje tusken syn regear en de Europeeske ynstituten yn Brussel is min.

july 13, 2020 14:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.