Dochs in Fryske Fierljepkompetysje 2020

july 4, 2020 09:56

It FLB-bestjoer wie optein doe’t it regear ferline wike oankundige dat der fan 1 july ôf dochs wer yn wedstriidferbân sport wurde kin. Dat joech oanlieding foar rappe aksjes en de nedige ôfstimming mei foaral de fierljepferienings.

Lizanne Schilt (foto: Wikipedia/Rian Baas – CC BY-SA 4.0)

Fryske Fierljepkompetysje set op 18 july útein
De aksjes hawwe laat ta it beslút om dochs noch in fierljepkompetysje te hâlden, dy’t op 18 july yn Burgum begjint. De kompetysje wurdt ôfsletten op 22 augustus yn Drylts. Yn de tuskenlizzende perioade wurde alle wiken twa wedstriden holden foar alle kategoryen foar manlju en froulju: 1e klasse, 2e klasse en jongerein. Sjoch bygeande wedstriidkalinder.

Fryske en Nederlânske Kampioenskippen
Besletten is om ek de earder neamde nije data foar it Frysk Kampioenskip en it Nederlânsk Kampioenskip oan te hâlden. It FK wurdt holden op 5 septimber yn Winsum en it NK op 19 septimber yn Burgum. De dielnimmers oan de kompetysje yn de kommende wiken kinne har op basis fan harren prestaasjes kwalifisearje foar it FK en NK.

Nasjonale wedstriden
De Hollânske fierljeppers sette ek wer útein mei in kompetysje, sadat sy har ek kwalifisearje kinne foar it NK. Op 12 septimber wurdt ek wer de Nasjonale Fierljepmanifestaasje (NFM) yn It Heidenskip holden. Der wurde fan ’t jier gjin oare wedstriden op nasjonaal nivo, lykas de wenstige Twakamp, holden.

Publyk en koroanabelied
Der mei ek wer yn beheinde mjitte publyk by de wedstriden oanwêzich wêze. Besletten is om it oantal besikers, njonken de sporters, te maksimearjen op 250. De koroanamaatregels moatte dêrby yn acht nommen wurde. De oardelmeterôfstânsregel is dêr de wichtichste fan. Der sil hannele wurde neffens it nije NOC*NSF-protokol en de nije needoardering dy’t op 1 july yngien is. Beide stikken binne as taheakke tafoege.

Nije wedstriidklean
Dit seizoen wurdt fierljept yn nije wedstriidklean, dy’t foarsjoen binne fan de logo’s fan de nije sponsoaren Bougroep Dijkstra-Draisma, Raboban, en FB Oranjewâld.

Taheakke: wedstriidkalinder FLB, needoardering en algemien protokol.

july 4, 2020 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.