Diel jo ‘fuottefoto’ fan jo favorite lânskip op #feetview@NL

july 26, 2020 08:47 Fernijd

Mei-inoar sjen litte hoe moai Nederlân is

Nederlân hat safolle prachtige lânskippen, allinnich realisearje wy ús dat net altyd. Dêrom hat Boeren fan Nederlân de aksje #feetview@NL betocht. Om allegear mei-inoar sjen te litten hoe moai oft Nederlân eins is.

Foto’s: Boeren van Nederland

“Nederlân is prachtich mei syn strannen, kanalen, âlde stedssintra, geweldige wolkensloft, strakke gebouwen, in protte natuergebieten én syn karakteristike boerelânskip. Mei’t mear minsken fan ’t simmer fakânsje fiere yn eigen lân, genietsje we miskien wol ekstra fan ús moaie lân”, fertelt Maaike van Wanrooij fan Boeren van Nederland. “Om sjen te litten hoe moai oft ús omjouwing is, roppe wy elkenien op om syn of har favorite útsjoch online te dielen mei de #feetview@NL. Mei-inoar wolle wy der in prachtige en fariearre fotokollaazje fan meitsje. Wy hawwe trije prizen beskikber foar de meast ferrassende foto’s.”

#feetview@NL is in inisjatyf fan Boeren van Nederland. In beweging dy’t boer en maatskippij mei-inoar yn ferbining bringe wol.

Hoe wurket de aksje?

* Meitsje in foto mei jo fuotten en op ’e eftergrûn jo favorite Nederlanske útsjoch, omjouwing of jo spesjale plak dat jo graach sjen litte wolle;

* Jo meie sels witte hoe’t de fuotten derop komme te stean, noch mei skuon, pumps, learzens oan of lekker mei bleate teannen;

* Set de foto op sosjale media mei #feetview@NL en #jolokaasje.

Mear ynformaasje oer de aksje is te finen op www.boerenvannederland.nl.

#feetview@NL wurdt stipe troch TeamAgro NL, Agrifirm en LTO Noord.

july 26, 2020 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.