Demonstraasjes mei lânboureau ferbean

july 7, 2020 15:07

It demonstrearjen mei lânboureau op de iepenbiere dyk joech de lêste dagen opstoppingen en gefaarlike situaasjes. Om dat foar te kommen hat de Feilichheidsregio Fryslân it demonstrearjen mei trekkers en oar lânboureau fan hjoed 7 july ôf oant en mei moandei 13 july 7.00 oere ferbean. Dat ferbod jildt foar alle gemeenten yn Fryslân. Soks omdat helptsjinsten net hindere wurde meie en gefaarlike situaasjes tefoaren kommen wurde moatte.

It ferbod is fêstlein yn in bekikking op basis fan de Wet iepenbiere manifestaasjes (Wom) en is hjr te lêzen. It is de taak fan de plysje om it ferbod te hanthavenjen.

july 7, 2020 15:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.