De Rigel fan Rink

july 24, 2020 08:54 Fernijd

Fan 1 augustus oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde silger. De 50 dichters sitte dêr lykwols net tagelyk, mar alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dy’t nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

De Skriuwersarke (foto: Geart Tigchelaar)

Alles hat in skoft stillein fanwegen de koroanakrisis, dat no wolle de leden fan it kollektyf inoar wer opsykje. Gjin better plak dêrfoar as it Arkje en gjin bettere aktiviteit as mei-inoar wurkje oan in gedicht.

Yn augustus is Cornelis van der Wal de saneamde Dichter fan de moanne. Hy sil it spit derôf bite troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke op saterdei fierder mei giet. De ‘Rigel fan Rink’ dêr’t Van der Wal mei begjint is: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei fan de hiele wike oan.

It groeien fan it gedicht kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15.40 oere en yn it wykein om 17.40 oere. As ôfsluter wurdt it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn Marktzicht te Drachten, Van der Velde syn stamkafee.

De Skriuwersarke fan de yn 2001 ferstoarne Fryske skriuwer Rink van der Velde is yn behear fan It Fryske Gea en Stifting FLMD. It Dichterskollektyf wurdt dy wike fan wiet en drûch foarsjoen troch de Poiesz út Boarnburgum.

july 24, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.