De Oerpolder, It Heidenskip

july 4, 2020 08:47

Toeristyske tip

It Heidenskip, de oerpolder, dat is it gea fan lân, wyn en wetter. It lân fan de mûnen de Snipe en de Tjasker en fan de bocht mei de driigjende, nuvere namme de Hel. In namme dy’t tink te krijen hat mei it oanmeitsjen fan lân út fean of mei it sompich karakter fan it lânskip doedestiids. In wiid en swiid gebiet, mei oan de iene kant Koudum en Warkum en oan de oare kant de Fluezen en De Gaastmar. In lytse buorren, Brânburren, is eins it sintrum mei in tsjerke en wat huzen, wetter en de fierljepskâns.

Brânburren, It Heidenskip (foto Matthijs Verkuijl)

Wat is sa bysûnder oan dit gebiet? Net allinnich dat dêr romte is en rêst, mar ek dat in soad fytsers it pontsje út De Gaastmar wei nimme om sa fierder te gean nei it súdwesten fan de provinsje oft sels fierder, mar ek dat der in protte fytsrûten binne en sels ien mei ûnderweis plakken om nei ferhalen te harkjen: Ekspedysje Oerpolder. Dat kin allegear regele wurde fia www.oerpolder.nl of rjochtstreeks fia it museum De Waag en foar oare rûten it VVV-gebou yn Warkum.

Al om 1500 hinne bestie it gebiet ûnder de namme ‘Heijdenscip ende lecht over die flioessen.’ Mei in wyld begroeid lân mei hast gjin befolking. It wie eins in natuerlike steat en noch net yn kultuer brocht en troch de lizzing fan it súdlike part – dat ûnder it NAP leit – wie it net geskikt foar lânbou, mar earder foar it winnen fan hout, turf en sâlt.

By de stoarmfloed fan 1825 rûn de streek foar in grut part ûnder wetter, krekt as oare dielen fan Fryslân. It ferlet fan diken wie sûnder mis dúdlik. Dat drama is prachtich beskreaun troch Hylke Speerstra yn syn boek De Oerpolder (2006). Dêr wurdt net allinnich de stoarm yn beskreaun mar ek de earmoedige libbensomstannichheden fan de bewenners yn de njoggentsjinde iuw. Fansels ek dat it ferfier benammen oer it wetter moast, mei de boat of de polsstôk, en dat it oars hast net mooglik wie om oer de dridzige greiden te kommen. De striid om te oerlibjen en in bestean te finen wie, krekt as op oare plakken yn ús provinsje, dreech.

Hjoed-de-dei is it in fredich iepen gebiet mei boerepleatsen en lytse wenten, mar wol mei in drok ferieningslibben foar de sa’n 350 bewenners, mei alderhande sporten, muzyk en toaniel yn it doarpshûs It Swaeigat.

Koartsein, in gastfrij en noflik gebiet en oan de Ursuladyk in kreamke mei kofje en tee foar de foarbygongers.

Oan de Ursuladyk, It Heidenskip (foto Matthijs Verkuijl)

Matthijs Verkuijl

 

july 4, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.