DE NIJE

july 24, 2020 15:34

Wa hie dat tocht. Hjoed, 24 july, foel de fiifde DE NIJE by ús en grif ek by party oaren op ’e matte. DE NIJE is it Frysktalige tematydskrift dat alle fearnsjierren útkomt. Mei yngong fan dit wykein is it tydskrift ek te krijen yn boekhannels, tydskriftewinkels en supermerken (Poiesz!).

It begûn okkerjiers allegearre as in soarte fan eksperimint en dat is it eins noch, mar it begjint der hieltyd mear op te lykjen dat dit tydskrift in fêst plakje kriget tusken alle oaren. De redaksje besiket alle kearen weroan om in ferskaat oan artikels op te nimmen, sadat der foar alle lêzers wol nijsgjirrige ûnderwerpen yn steane. Tagelyk is it in moai tydskrift om te besjen. In glossy!

Diskear giet it om artikels oer 75 jier frijheid, oer toaniel nei 1945, de Ofslútdyk, Fryske tsjerken, de freonen fan de Omrop, oer dialekten yn Fryslân, mei bysûnder omtinken foar it Súdhoeksk. Yn ’e midden is in apart katern foar bern opnommen. In strip, in puzel en in oersetwedstriid ûntbrekke net. Wat soe it moai wêze as jimme meidogge!

No komt it oan op trochsetten. Oan de redaksje sil it net lizze. It giet mei it ferkeapjen fan losse nûmers de goede kant út en it tal abonneminten nimt ek ta. Mar as wy mei-inoar in takomst wolle foar in Frysktalich tydskrift – en dat is DE NIJE ­–, dan binne mear abonneminten nedich en dan moatte ek mear losse nûmers kocht wurde.

It is no de tiid om te hanneljen. Doch mei! Keapje it tydskrift of (noch leaver) nim in abonnemint. Dat kin troch troch op it tydskrift oan ’e rjochterkant fan de thússide te klikken.

Of: jou in kado-abonnemint, lit it tydskrift oan oaren sjen, meitsje reklame foar ús!

De redaksje fan DE NIJE
te berikken mei denije@itnijs.nl

july 24, 2020 15:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jim Jacobus Quiryn july 27, 14:18

    Moi?! Moai!
    cu xx

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.