De Knipe ferlost fan racebaan

july 15, 2020 11:48

Yn de Knipe is de Meyerwei opknapt en opnij ynrjochte. De dyk, dy’t troch syn breedte ûnterjochte foar in racebaan oansjoen waard, hat no wer it karakter fan in doarpsstrjitte, dêr’t op plakken net hurder as tritich kilometer riden wurde mei. De ferlochting is ek fernijd: nije lampen en nije mêsten en op in pear plakken in bysûndere ferljochting.

No’t de werynrjochting syn beslach krige hat is dat ûnderstreke mei it plantsjen fan in beam troch Jaap van Veen, wethâlder fan gemeente It Hearrenfean en Wolter Diever, foarsitter fan Pleatslik Belang.

foto: Gemeente It Hearrenfean

Evaluaasje
De gemeente wol graach witte wat oanwenners en brûkers derfan fine. Mei Pleatslik Belang is in evaluaasje-enkête op it ynternet set. Mei de útkomsten dêrfan wurdt besjoende fot der hjir en dêr noch wat ferbettere wurde moat. Elkenien dy’t yn de Knipe wennet of wurket wurdt frege de enkête yn te foljen. Dat kin oant en mei 17 augustus fia www.heerenveen.nl/deknipe.

july 15, 2020 11:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.