Dantumadiel stipet ûnderskate boargerinisjativen

july 14, 2020 08:55

Ferskillende boargerinisjativen yn Dantumadiel krije in bydrage út it gemeentlik fûns ‘It is oan jo’. Mei dat fûns wurde ideeën fan ynwenners stipe om buerten en doarpen op te knappen en te ûnderhâlden. Dat kin gean om boartersfjildsjes, grienstripen, strjitten en pleintjes. Mar op it mêd fan soarch en stipe binne ideeën wolkom. Ynwenners witte faak sels it bêste wat yn harren buert nedich is en wat better of moaier kin.

De gemeente hat al in bydrage tasein foar it opnij ynrjochtsjen fan it ferâldere skatepark yn Feanwâlden, dat troch de jongelju sels opknapt wurdt en foar kuorbalpeallen yn Broeksterwâld. De wurkgroep Geastmer Bosk, dy’t de bosk wer tagonklik meitsje wol en dêr omtinken by fêstigje wol op natuer en skiednis, kriget in bydrage foar ynformaasjesbuorden. Yn Feanwâlden wurdt Plan X foar it ferbetterjen fan de leefberheid stipe. In part fan de Halepaadrûte moat nedich opknapt wurde; dat kin mei gemeentlike stipe ek trochgean.

Nije oanfragen
Ut it fûns is jierliks sa’n € 16.000 ,- beskikber foar lytse leefberheidsinisjativen dy’t foldogge oan de algemiene subsydzjeferoardering en oan de kritearia fan it fûns. In inisjatyf moat altyd foar in grut part foldwaan oan selsredsumheid, selswurksumheid en draachflak. In inisjatyf mei net út twa gemeentlike potsjes stipe wurde.
Nije oanfragen kinne wer yntsjinne wurde. Se wurde altyd tusken april en oktober beoardiele.  Mear ynformaasje is te finen op https://www.dantumadiel.frl/goed-idee-it-oan-jo

july 14, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.