Dantumadiel en Noardeast-Fryslân wurkje better gear

july 10, 2020 07:45 Fernijd

‘Team Dantumadiel’ wurdt de namme fan in groep spesifike funksjonarissen dy’t yn de organisaasje fan de gemeente Noardeast-Fryslân de politie en bestjoerlike ambysjes fan Dantumadiel ynfollet.

Yn dat team sitte in bestjoersadviseur, in doarpekoördinator, in bedriuwekontaktfunsjonaris, in kommunikaasje-adviseur, in finansjeel adviseur en meiwurkers Romtlike Oardering en Ekonomyske Saken/Rekreaasje & Toerisme. It team wurket mei yngong fan 1 septimber.

De beide kolleezje hawwe dêr tiisdei 7 july oer besletten, neidat de lêste tiid ferskillende kearen oer gearwurking praat wie. Mei in spesifyk team foar Dantumadiel wurdt yn ’e mjitte kommen oan earder konstatearre knyppunten.

De leden fan it Team Dantumadiel binne oansprekpunt foar de gemeentesekretaris en bestjoerders fan Dantumadiel. Se binne gergeld yn Dantumadiel oanwêzich, mar se bliuwe yn tsjinst fan Noardeast-Fryslân.

july 10, 2020 07:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.