‘Contre l’Oubli’ – tsjin it ferjitten

july 10, 2020 08:55

O/m 20 septimber 2020 te sjen yn Museum Belvédère.

Dit jier betinkt en fiert Europa 75 jier befrijing, frede en frijheid. Yn Museum Belvédère yn Oranjewâld is oer dat tema de útstalling Contre l’Oubli (tsjin it ferjitten) te sjen. Yn dat twalûk wurdt omtinken jûn oan it wurk fan Edith Auerbach en Frank Lisser yn relaasje ta de Twadde Wrâldoarloch. De eksposysje wurdt oanfolle mei in rige akwarellen fan Henri de Haas út de kolleksje fan Museum Belvédère, dy’t tematysk oanslút by it oerkoepeljende tema.

Wurk fan Edith Auerbach (foto: Museum Belvédère)

Edith Auerbach
Op in rommelmerk yn Parys die in Nederlânske keunsthanneler ein jierren njoggentich in bysûndere ûntdekking. Yn in kreamke seach er in fassinearjend skilderij hingjen. It brocht him op it spoar fan hast twatûzen tekeningen en skilderijen fan in relatyf ûnbekende keunstneresse, de Dútsk-Joadske Edith Auerbach. Hja wie yn 1926 nei Parys gien en stoarte har dêr yn it brûzjende keunstnersmiljeu.

Hja wie in fêste besiker fan de ferneamde keunstnerskafees yn Montparnasse, dêr’t se har sketsboeken folle mei portretten fan oanstoarmjende talinten en grutte nammen. Har ûntwikkeling waard brút ûnderbrutsen troch it opkommend nasjonaalsosjalisme. Krekt foar de Dútske oanfal yn Frankryk waard se ynternearre yn it kamp Gurs by de Pyreneeën. Hja wist nei in protte ûntbearingen te ûntkommen en dûkte dêrnei ûnder. Auerbach oerlibbe de oarloch en lei nei de befrijing de ferskrikkings fan de holokaust fêst yn in rige oangripende skilderijen dy’t se Contre l’Oubli neamde.

Yn de útstalling binne ferskate wurken út dy rige te sjen, njonken hûndertfyftich portrettekeningen út de jierren tweintich en tritich. Har wurk tsjûget fan in oandwaanlike belangstelling foar de meiminske.

By de eksposysje is in katalogus ferskynd oer it byldzjend wurk fan Auerbach. De ryk yllustrearre útjefte befettet in wiidweidige ynlieding fan sjoernalist Pauline Broekema. Dy die ûndersyk nei it libben fan de keunstneresse en skreau it boek Tekenares van Montparnasse. Het eigenzinnige kunstenaarsleven van Edith Auerbach (De Arbeiderspers, 2020).

Frank Lisser – ‘De familie Elion’
De keunstner Frank Lisser skildere op fersyk fan syn mem in monumintaal oantinkensbyld oan har heit, omkes en muoikes. In âlde, lytse swart-wytfoto tsjinne as foarbyld.

‘De familie Elion’ fan Frank Lisser (foto: Museum Belvédère)

Foto: Museum Belvédère

It wie it iennige dokumint dêr’t de Joadske famylje Elion mienskiplik op te sjen wie. Lisser wist net folle fan syn posearjende famyljeleden. It lange wurkjen oan it groepsportret brocht him net allinnich tichter by de ôfsûnderlike persoanen en harren skiednissen, mar ek by it libbensferhaal fan syn mem. Fan de fjirtjin besibben op it skilderij wiene der fjouwer foar de Twadde Wrâldoarloch stoarn, waarden der sân yn ’e konsintraasjekampen fermoarde en soene úteinlik trije de oarloch oerlibje: Lissers pake Cobus, syn âldste broer David en syn lytse neef Ko. Yn kombinaasje mei it skilderij sketse de optekene ferhalen en opnommen dokuminten de libbens fan werkenbere minsken en ferdwûne libbens.

Yn de eksposysje wurdt it skilderij ‘De familie Elion’ toand yn relaasje ta dokumintêr materiaal út it famyljeargyf fan Lissers mem, yn in yntym ‘oanklaaid’ kabinet.

Yn de útjefte De familie Elion stiet net allinnich it famyljeportret sintraal, mar ek de oangripende Joadske famyljeskiednis dy’t deroan ferbûn is.

july 10, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.