Byld Fedde Schurer op nij plak

july 23, 2020 16:05

Op It Hearrenfean is foar it byld fan Fedde Schurer in nij plak fûn. Der wie gauris krityk op it plak dat it dêr de lêste tiid hie. Sneon 25 july om 11.00 oere sil it ûntbleate wurde oan de Tsjerkestjitte.

Fedde Schurer, byld fan Guus Hellegers op It Hearrenfean (foto © Gemeente It Hearrenfean)

It byld waard yn 1974 yn in gersstripe oan it Van Harenspad set. It stie mei it gesicht nei de Heidebuorren, it plak dêr’t Schurer wurke by de Heerenveense Koerier. Doe’t yn 1988 it Gemeenteplein oanlein waard is it by de Wettertoer set. Troch de terrassen dy’t dêr kamen, kaam it byld net mear ta syn rjocht. Dêrom dat it, op inisjatyf fan freonen en de widdo fan de makker, Guus Hellegers, no yn de gersstripe oan de Tsjerkestjitte in plak kriget.

Fedde Schurer: alsidich en maatskiplik begien
Fedde Schurer (*25 juli 1898 Drachten – † 19 maart 1968 It Hearrenfean) is bekend wurden as Frysk dichter en strider. Hy wie ûnderwizer op ’e Lemmer, mar omdat er ek as pasifist aktyf wie, krige er lêst mei syn skoalbestjoer. Nei syn ûntslach dêr waard er ûnderwizer yn Amsterdam. Yn 1935-1936 wie er lid fan Provinsjale Steaten yn Noard-Hollân foar Christelijke Democratische Unie (CDU). Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er as skriuwer/dichter aktyf yn it ferset.

Nei de oarloch kaam er yn Fryslân werom en waard er haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, dy’t fan 1952 ôf Friese Koerier hjitte. Yn de krante naam er it op foar twa molktapers út Aldeboarn en in bistedokter fan ’e Lemmer dy’t yn de rjochtseal net yn it Frysk prate mochten. Dy kwestje late ta Kneppelfreed (16 novimber 1951). Njonken syn wurk siet er fan 1956 oant 1963 foar de PvdA yn de Twadde Keamer.

Guus Hellegers
Byldhouwer Guus Hellegers (*1937 – † 2019 Steggerda) makke yn 1974 yn opdracht fan de gemeente It Hearrenfean it brûnzen byld. It hat in spesjaal, foar de keunstner karakteristyk perspektyf: in platte smelle sydkant mei in realistyske foarkant. Fan him steane ek bylden yn Rotterdam (Clown), Ljouwert (Hynder mei akrobate) en Bloksyl (Kaatje bij de sluis).

Mear ynformaasje oer Fedde Schurer is te finen op fy.wikipedia.org/wiki/Fedde_Schurer en yn Johanneke Liemburg, Fedde Schurer 1898-1968. Biografie van een Friese Koerier (2010).
july 23, 2020 16:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.