Britten bestride koroana mei kampanje tsjin groulivigens

july 27, 2020 10:54

Sûne minsken kinne in besmetting mei koroana oer it generaal gâns better ferneare as sokken mei in minne kondysje. Benammen groulivigens makket dat lju dy’t it firus skipe hawwe, der gau raar ta sitte. De oerheid fan it Feriene Keninkryk begjint dêrom in kampanje foar in klien bestek.

Premier Boris Johnson docht sines ta de kampanje. Hy wie sels slim siik fan ‘e koroana. “Doe’t ik op ‘e intensive care bedarre, wie ik fierste grou”, seit er yn in foarljochtingsfilmke fan ‘e Britske medyske organisaasje NHS. Doe’t er út it sikehûs wei wie, is er teriede woarn en wurd sûner. Hy draaft no alle moarnsskoften in ein mei de hûn. Hy is mear as seis kilo ôffallen en fielt him gâns hebbiger.

Groulivigens is in grut probleem yn it Feriene Keninkryk. Twa fan ‘e trije Britten hat safolle spek op ‘e ribben dat it op ‘e lea oankomt. Steatssiktarise fan folkssûnens Helen Whately seit: “Minsken mei in BMI fan oer de fjirtich geane twaris sa faak oan koroana dea as sokken dy’t net te grou binne.”

De kampanje bestiet net allinne út goerie om mear te bewegen en minder te iten, hy giet ek mank mei nije wetten. Reklame foar flaubiten mei earst jûns nei njoggen oere op ‘e telefyzje útstjoerd wurde. Op Britske websiden mei sokke reklame ek net mear te sjen wêze. Snobbersguod mei yn supermerken net langer by de kassa lizze en winkels meie klanten net langer koarting jaan as se twa stiks ynstee fan ien fan minne fretterij oantuge.

july 27, 2020 10:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.