Bywurke: Braziliaanske presidint hat koroana

july 7, 2020 09:18

Presidint Bolsonaro fan Brazilië hat yn in sikehûs in koroanatest ûndergien. De útslach is noch net bekend, mar op in longfoto is te sjen dat syn longen “skjin” binne, sei er tsjin oanhingers by syn paleis.

Foto: pixabay.com

Braziliaanske media berjochten dat Bolsonaro koroanaferskynsels hat. Neffens de krante O Globo joech er ta dat er 38 graden koarts hie. Hy frege oanhingers net te tichtby te kommen en hie al syn ôfspraken foar dizze wike ôfsein.

De Braziliaanske presidint is fûl op hurde koroanamaatregels tsjin fanwegen de ekonomyske skea dy’t dy neffens him opleverje soene. Hy bejout him geregeld sûnder mûlekapke tusken de minsken, bygelyks om oanhingers te begroetsjen en mei lytse bern te posearjen.

Brazilië is ien fan de swierst troffen lannen op ’e wrâld. Yn elts gefal 1,6 miljoen Brazilianen hawwe de goarre skipe. Neffens de offisjele sifers binne 65.000  minsken oan de gefolgen ferstoarn. By Bolsonaro is trije kear earder in koroanatest ôfnaam; trije kear wie de útkomst negatyf.

Lês ek in earder berjocht oer presidint Bolsonaro.

Bywurke 18.20 oere: Presidint Bolsonaro is posityf test op it koroanafirus. Hy makke dat sels bekend yn in petear mei sjoernalisten. Dêr droech erin mûlekapke by.

july 7, 2020 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.