Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 41

july 4, 2020 11:07

It gas derop

Yn Fryslân binne sa’n 290.000 húshâldingen. Fierwei de measte wenningen binne oansletten op it gasnet én it elektrisiteitsnet. Dat gasnet is foar it grutste part oanlein tusken 1960 en 1970, flak nei it ûntdekken fan de gasbel yn Grinslân.

Yn Fryslân wurde beide netten ûnderholden troch Liander. Dat bedriuw ûnderhâldt yn totaal 42.000 km gaslieding en 91.000 km stroomkabel. Wy sjogge dêr amper wat fan, alles leit moai ûnder de grûn ferstoppe. De betrouberheid is bysûnder grut. Gasútfal en stroomûnderbrekking komme selden foar. Mar, dy betrouberheid stiet ûnder druk! Liander fielt alle dagen de druk om de kommende tweintich-tritich jier dy enerzjyfoarsjenning te ferduorsumjen. Dat jout spanning! In protte spanning. En te folle spanning op de stroomkabels jout útfal.

Oerheid
De nasjonale oerheid wol dat alle huzen fan it ierdgas ôf geane. Yn nijbouwiken bart dat al op grutte skaal. Al dy wenningen krije gjin gasoansluting mear, allinne in oansluting foar stroom. Stroom foar itensieden, ferwaarming, ferljochting en waarm dûswetter. Men kin jin foarstelle dat de fraach nei stroom foar dy huzen nochal wat grutter is as foar de gongbere wenten. Faak wol trije kear safolle. En dat hat grutte gefolgen foar it stroomnet fan Liander. Foaral as der ek noch sinnepanielen en elektryske auto’s op oansletten wurde. En dat wurdt ek op grutte skaal dien.

Wetterstof
It weilitten fan it gasnet hat dus grutte gefolgen foar it stroomnet. Foaral omdat der troch in gaslieding folle mear enerzjy nei in wenning oanfierd wurdt as troch de gongbere stroomkabels. Mar ja… wy moatte fan it ierdgas ôf… dochs…? Jawis, mar der binne alternativen foar it ierdgas dêr’t wy sa wiis mei binne. In protte minsken tinke dan as earste oan wetterstof, mar leau my, dat wurdt ’m net foar de tapassing yn wenningen troch ús gasbuizen. Fierstente kompleks en fierstente djoer.

Stel jo hawwe in wenning fan sa’n fjirtich jier âld. Dan is ‘fan it gas ôf’ in kostbere operaasje. Isolearje fan muorren, dakken en flier, in waarmtepomp, legetemperatuerferwaarming en sinnepanielen. Dat kostet al gau tritich- à fjirtichtûzen euro en soms noch wol folle mear.

Biogas
Mar…, der is in manier om dy wenning te litten sa’t er no is, en doch fan it ierdgas ôf te sjen. Dy oplossing is biogas. Dat wurdt op hieltyd gruttere skaal produsearre út bygelyks ôffal fan Omrin of út dong fan buorkerijen en sels út suveringsslyk fan Wetterskip Fryslân. Troch in behanneling troch bygelyks DTM fan De Jouwer wurdt dat metaangas geskikt makke om yn de (ierd)gaslieding parse te wurden. Dan hjit dat gas griengas. Jo kinne jo miskien foarstelle dat dêr hiele wenwiken mei ferwaarme wurde kinne. De cv-tsjettel kin gewoan sitten bliuwe, isolearje is ferstannich, mar gjin betingst en de gaslieding kin gewoan yn de grûn bliuwe, sûnder dat it stroomnet oanpast hoecht te wurden. Dat liket handich…, en dat is it ek. In moai alternatyf neist sinneparken, wynmûnen, geotermy of as ferfanging foar houtstook.

Jild
Wêrom hawwe se dat dan noch net sa regele? Sa’t it sa faak it gefal is, giet it hjir ek om jild. Griengas is no noch djoerder as ierdgas. Om dy reden wurdt griengas meastal brûkt yn bussen en persoane-auto’s, want it is goedkeaper as benzine en disel. Yn Fryslân ride der sa’n trijetûzen auto’s op. Ik ryd der sels al tolve jier op, krekt as alle bussen yn Ljouwert. No’t it ierdgas alle jierren djoerder wurdt en auto’s yn rap tempo elektrysk, ûntstiet in nije merk foar gebouwen. Jo cv-tsjettel? Lit mar efkes sitte noch! Grutte kâns dat it gas derop bliuwt!

Boer Stokman yn Koudum leveret sûnt koart biogas (griengas) oan it lokale (ierd)gasnet

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

july 4, 2020 11:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.