Boeren skikke it mei frou Schouten

july 13, 2020 15:07

Foto: Wikipedia/Brian Robert Marshall – lisinsje CC BY-SA 2.0

Om’t de oerheid derfoar soargje moat dat der net te folle stikstof yn ‘e atmosfear bedarret, moast boereministerske Carola Schouten okkerdeis betinke wat hja ferbiede moast: it bouwen fan huzen of it fuorjen fan kij mei krêftfoer. Hja hat foar it lêste keazen en dat wie in soad boeren net nei ‘t sin. Hja demonstrearren de ôfrûne dagen omraak.

Aksjegroep Farmers Defence Force wol it frou Schouten no skikke: hja roppe de lilke boeren op en sjoch in wike lang ôf fan blokkades en oare aksjes dêr’t oaren lêst fan ûnderfine. Om ‘e oerlêst en it risiko fan blokkades mei trekkers binne demonstraasjes mei lânboureau koartlyn ferbean woarn.

As de ministerske oer in wike lykwols it ferbod op it kowefretten net ynlûkt, dan komme de boeren fannijs fanwegen, sa hat de aksjegroep te witten dien. Dy seit: Dan zullen de FDF-strijders zorgen dat er vanaf 21 juli 2020 stikstof wordt gereduceerd. En heel Nederland zal daaraan bijdragen.”

Frou Schouten hat buorkundich makke dat hja mei saakkundigen oer it ferbod prate wol. De boeren hawwe har te witten dien dat oar fretten min wêze kin foar de sûnens fan harren beslach. Dêr wol hja earst mear oer witte. Hja slút net út dat it ferbod op grûn fan nije ynformaasje oanpast wurde kin.

july 13, 2020 15:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.