Boeren Teksel sette útein mei swietwetteropslach

july 10, 2020 08:47 Fernijd

Boeren op Teksel hawwe moandei grien ljocht krige fan it Waadfûns foar it projekt ‘Swiete takomst Teksel’. Dêrmei sette de agrariërs fan it Waadeilân in wichtige stap op wei nei selsfoarsjenning op it mêd fan swiet wetter.

Dat is hurd nedich, want trije jier efterinoar hawwe boeren te krijen mei in lange rite fan drûchte en in ferbod op bereining. Opslach fan wetter yn ’e winter moat útkomst biede. Mei ‘Swiete takomst Teksel’ wurdt dat no op twa lokaasjes yn ’e praktyk test.

Foto: LTO Noard

Sels foarsjen yn yrrigaasjewetter
Op Teksel binne boeren al langer oan de situaasje wend. Op it eilân is gjin ekstreme wetteroanfier en jildt in permanint, algehiel bereiningsferbod. De boeren hâlde om dy reden rekken mei ien kear yn de fjouwer jier in mislearre rispinge. Om de ikkers dochs yrrigearje te kinnen – en yn alle drûge simmers dy’t harren noch te wachtsjen steane – libbet ûnder de boeren op Teksel al jierren de winsk om sels yn eigen yrrigaasjewetter foarsjen te kinnen. Yn ’e mande mei LTO Noard en Acacia Institute hawwe se dêrom sels it inisjatyf naam om it eilân selsfoarsjennend te meitsjen op it mêd fan swiet wetter.

Reinwetter út de winter fêsthâlde
It hiele jier troch falt der genôch delslach op Teksel om foarsjen te kinnen yn de fraach fan de lânbou. It probleem is dat it wetter foar it grutste part yn de winter falt, dus net wannear’t it nedich is. Yn ’e winter is der just safolle wetter, dat it yn ’e Waadsee pompt wurde moat. Alle jierren giet der sa 44 miljoen kúb oan swiet wetter ferlern. Arnold Langeveld, foarsitter LTO Noard ôfdieling Teksel en ien fan de inisjatyfnimmers fan ‘Swiete takomst Teksel’, fertelt: “Foar alle lânbou op Teksel hawwe wy alle jierren seis oant sân miljoen kúb nedich, dat betsjut dat wy 15 persint fan it wetter fêsthâlde moatte. Dy útdaging geane wy graach oan.”

Foto: LTO Noard

Teste op twa lokaasjes
Yn it ramt fan ‘Swiete takomst Teksel’ wurdt de kommende trije jier op twa lokaasjes test oft reinwetter yn ’e winter yn ’e ûndergrûn opslein wurde kin. It wetter wurdt dan simmers op in sunige en snoade manier brûkt om sa’n fyftich oant hûndert hektare oan ikkers te yrrigearjen. Om te soargjen dat it projekt net resultearret yn in wol wurkjend, mar net te beteljen systeem, wurdt skerp sjoen nei de kosten, baten en oare finansjele aspekten fan de wetterfoarsjenning.

Offisjeel startskot
Mei de positive beslissing fan it Waadfûns is moandei it offisjele startskot jûn foar ‘Swiete takomst Teksel’. De boeren fan Teksel, Provinsje Noard-Hollân, Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier, LTO Noard fûnsen, Gemeente Teksel, TESO, Tekselfûns en de Krim Teksel drage finansjeel by oan it projekt. Seis boeren op twa lokaasjes hawwe har ûnderwillens kommitearre oan it projekt, hja steane klear om te begjinnen. Langeveld: “Eins steane wy al tsien jier yn ’e startblokken. Wy binne bliid dat it Waadfûns ús no stipet. Uteinlik hat it in lange wei west, mar foaral yn dizze drûge simmer binne wy namste mear motivearre om te wurkjen oan in ‘swiete takomst’.

july 10, 2020 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.